Ni'jluuseger
Bêste meidogger,
By de side Nederlân hasto in subseksje makke foar Nedersaksykske literatuer. It is fansels hiel wichtich en skriuw oer it ferskaat binnen lannen. Elkenien mei skriuwe wat er wol, mar der binne wol wat betingsten dêr't de Wikipedy oan foldwaan moat. Wikipedy is net in sammelplak fan allegear lytse feiten dy't fierders net ta de saak dogge. Under lannen hearre tema's dy't binnen in lân fan in wat grutter belang binne. Op it litêre mêd kinne de Nederlânske en Fryske neamd wurde. De dichtwurken en lytse folksferhalen yn it Leechsaksysk ûnderskiede har yn grutte en nivo net fan de skriuwsels út Seelân, Amsterdam as West-Fryslân. Boppedat is it der nei myn betinken fier by troch om ien as Johan Veenstra yn itselde rychje del te setten as literêre keunstners fan nivo lykas Gysbert Japiks en Harry Mulisch. Ik hoopje datsto it der sa wat mei lykfine kinst. Mei groetnis --Kening Aldgilles 16 mrt 2011, 18.55 (CET)