Tank foar jo bydrage oan de Fryske Wikipedy. Spitigernôch hie op de side Swadesh-list de beskriuwing fan it begryp Swadesh-list komme moatten, wylst de ynhâld dy't jo skreaun hawwe mear te plak is op de side Swadesh-list Frysk. It is wat nuver dat jo dy side by it sykjen net fûn hawwe. Tinke jo ek noch om de stavering: "Swadesh" is gjin eigenskipswurd. En fierders: Wat wurde de Fryske nammen fan de berjochten dy't jo oanmakke hawwe? Aliter 5 jun 2009, 18.35 (CEST)Beäntwurdzje

Wat de nammen fan de berjochten oanbelanget: At jo der sels net útkomme kinne, dan soenen jo de útlis fan de siden skriuwe kinne en dan op Wikipedy:Oerlisside help freegje kinne foar de kar fan de namme. Dat lykje it net sa berjochten dy't samar wat oerskreaun binne en eins daalks wei kinne.
Wat de namme berjochten oanbelanget: Doe't de berjochten ynfierd waarden, wie de tapassing likernôch dy fan de wikiberjochten. Dat op dy menear is dy namme der yn kaam, al binne tapassing en systeem yntusken feroare en wurde de wikiberjochten stadichoan eat as de berjochten. Aliter 5 jun 2009, 22.14 (CEST)Beäntwurdzje