Wolkom en Tank

bewurkje seksje

Nog wolkom op de wikipedy en tank foar it werstellen fan it fandalisme. Ik hoopje dat jo jo hjir wat thúsfiele. Theun 22.20, 4 okt 2006 (CEST)

At jo it net iens binne mei hoe eat op dizze wiki dien wurdt, as twifelje at wat in oare meidogger as gewoan oantsjut wier sa is, dan hat de wiki in oerlisside. At der in konflikt is oer in side, dan hat ek dy side in oerlisside. At jo kommentaar hawwe op myn hâlden op dizze wiki, dan haw ik krekt sa'n oerlisside as jo hawwe, en at jo dat net oandoarre haw ik ek noch in netpostadres.

At jo my allinnich mar misledigje wolle, dan leau ik net dat wy dêr plak foar hawwe op dizze wikipedy. Mar om't ik dêr fierders neat oer te sizzen haw woe ik graach dat jo josels dan as behearder oanmelde. Dan kin ik it wurk dellizze; ik haw tasein dat ik dit allinnich dwaan soe at it noch aardich wie om te dwaan.

Aliter 23.09, 6 okt 2006 (CEST)

Ik woe krekt itselde sizze. It giet fansels om dizze edit. Nei myn witen is it op de Fryske Wikipedy, wêr't wy noch net safolle meidoggers hawwe en eltsenien alles noch meiinoar útprate en útmeitsje kin, noch noait foarkommen. Ik tink net, dat jo greatsk wêze kinne op de primeur fan in persoanlike oanfal (en noch wol in fergliiken mei Hitler, wêr helje jo it fandaan...). Sprek him leaver oan op syn oerlisside, dêr binne dy dingen foar! Dat liket my gans konstuktiver ta as in bitsje dom skellen. En fierder moat ik jo waarskôge dat net nochris te dwaan. Groetnis Steinbach (WanabeFries) 11.49, 7 okt 2006 (CEST)
Wat wolle jo no berikke mei soksoarte fan aksjes? Dizze binne perfoarst net bedoelt om de Fryske wikipedy wat foarút te helpen.
Oer de berjochten mei listen hawwe we alris in diskusje hawn mei in dúdlike útkomst, at der oanlieding foar is is it fansels altiten mooglik der wer oars mei om te gean. Mar at jo op dizze wize kommunisearje is dat fansels gjin goed begjin fan de diskusje en wurd it foar oare meidoggers ek lestiger om objektief mei jo bydragen om te gean. Theun 19.58, 7 okt 2006 (CEST)