Meindert Leerling
Meindert Leerling (Heerjansdam, 11 jannewaris 1936 – Bergambacht, 9 maaie 2021) wie in Nederlânske politikus en sjoernalist. Ut namme fan de Reformatorische Politieke Federatie (RPF) wie er fan 1981 oant 1994 lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal en teffens fraksjefoarsitter.
Meindert Leerling | ||
politikus | ||
Meindert Leerling yn de Twadde Keamer, 1985 | ||
bertedatum | 11 jannewaris 1936 | |
stjerdatum | 9 maaie 2021 (85 jier) | |
partij | ARP (1955-1962), RPF (1977-2004), KristenUny (fan 2000 ôf) | |
Lid federaasjebestjoer RPF | ||
amtsperioade | 1977-1981 | |
Lid Twadde Keamer (ek fraksjefoarsitter) | ||
amtsperioade | 1981-1994 | |
offisjele webside | ||
Profyl parlement.com |
Biografy
bewurkje seksjeSjoernalist
bewurkje seksjeLeerling wie oarspronklik sportsjoernalist. Hy wurke fan 1954 oant 1971 as sjef sportredaksje foar de deiblêdekombinaasje it Rotterdammer Kwartet dêr't er ûnder mear fuotbalwedstriden en Olympyske Spullen fersloech en makke dêrnei de oerstap nei de Evangelyske Omrop. Foar dy omrop wie er yn de jierren santich ek as sjoernalist wurksum en fan 1977 ôf as telefyzjeregisseur.
Lid Twadde Keamer
bewurkje seksjeYn 1981 waard Leerling listlûker fan de RPF, in partij dy't seis jier letter oprjochte wie as reäksje op de fúzje fan ARP, CHU en KVP ta CDA. Wat by de ferkiezingen fan 1977 noch net slagge, slagge ûnder lieding fan Leerling wol; de RPF kaam by de ferkiezingen fan 1981 as nije partij mei twa sitten yn de Twadde Keamer. By de Twadde Keamerverkiezingen fan 1982 wie dy útkomst likegoed.
Yn 1985 ûnstie der in konflikt tusken it federaasjebestjoer fan de RPF, Leerling en it Keamerlid Aad Wagenaar. De lêste ferliet de fraksje op 23 april 1985 en gie fierder as Groep Wagenaar. By de ferkiezings fan 1986 en dy fan 1989 wie Leerling op 'en nij listlûker. Mei't de RPF mar ien sit helje koe wie yn dy perioade in ienmansfraksje.
By syn ôfskied fan de Keamer yn 1994 waard er ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw beneamd. Leerling waard troch mei- en tsjinstanners yn de Keamer priizge om syn grutte ynset.[1] Leerling waard as listlûker en fraksjefoarsitter opfolge troch Leen van Dijke.
Nei de Twadde Keamer
bewurkje seksjeNei it ferlitten fan de Keamer hie Leerling noch advisearjende funksjes yn de RPF en de KristenUny, wie er manager fan it Holland-Koor en fan 2003 oant 2008 organisearre er solidariteitsreizen nei Israël fan de stichting Christenen voor Israël yn Nijkerk. Fan 2009 oant 2012 organisearre Leerling oriïntaasjereizen nei Israël.
Meindert Leerling wie foarsitter fan de ChristenUnie-kiesferiening yn syn wenplak Bergambacht oant 23 april 2008. Dêrmei kaam syn politike wurk ta in ein. Yn 2014 makke Leerling buorkundich dat hy en Wagenaar harren konflikt bylein hiene.[2]
Persoanlik libben
bewurkje seksjeLeerling wie lid fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke (dy't yn 2004 troch fúzje opgie yn de Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN) en dêryn lid fan it Gereformeerde Bond. Hy troude yn 1961 en waard heit fan trije bern. Syn earste frou stoar yn 1999. Twa jier letter troude er fannijs. Yn novimber 2015 krige er ûnder in kongres fan de ChristenUnie in harsensblieding. Hy rekke dêrtroch iensidich ferlamme. Meindert Leerling ferstoar yn 2021 yn de âldens fan 85 jier.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Meindert Leerling fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|