Meindert Wiardi Beckman

Meindert Wiardi Beckman (Amsterdam, 16 jannewaris 1795 - De Haach, 8 april 1863) wie in Nederlands rjochter en konservatyf politikus.

Wiardi Beckman wie rjochter yn it Amsterdamsk gerjochtshof, gemeenteriedslid yn Amsterdam en wie yn it kabinet-Van der Brugghen goed in jier minister foar Herfoarme Earetsjinst. Dêrnei waard er lid fan de Ried fan Steat.

Hy wie de oerpake fan Herman Bernard Wiardi Beckman dêr't de Wiardi Beckman Stichting nei ferneamd waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: