Melilla la Vieja

(Trochferwiisd fan Melilla La Vieja)

Melilla la Vieja ("Ald-Melilla") is de namme fan in grutte fêsting dy't fuort benoarden fan 'e haven yn Melilla stiet, ien fan 'e Spaanske Plazas de soberanía (Soevereine Plakken) oan 'e Noardafrikaanske kust. De sitadel waard boud yn 'e 16e, 17e en 18e iuw. In grut part fan' e fêsting is restaurearre.

Melilla la Vieja
  museum
Lokaasje
lân flagge fan Spanje Spanje
plak Melilla
Algemiene gegevens
type Fort/sitadel
oprjochting 16e iuw
oerflak 2,78 ha
lingte 1000 m.
Kaart
Melilla la Vieja (Spanje)
Melilla la Vieja
Plattegrûn fan de festing yn 1800

De fêsting befettet in protte fan Melilla syn meast wichtige histoaryske plakken, ûnder oare in argeologysk museum, in militêr museum, de Tsjerke fan de Untfinzenis, en in rige fan grotten en tunnels, lykas de Conventico-grotten, yn gebrûk sûnt de de Fenisyske tiid.

It fort is ferdield yn fjouwer kompleksen. It earste fersterke kompleks mei sivile gebouwen leit op in rotspunt en datearret út de 16e oant 18e iuw. It twadde fersterke kompleks leit op de lâningte en hat muorren út de 17e en 18e iuw. De tredde fêsting waard boud mei de islamityske omheining mei in doar út 'e islamityske perioade, wylst de rest fan'e gebouwen út 'e 18e iuw datearret. It fjirde fersterke kompleks bestiet út fêstingwurken út de 18e iuw.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hardy, P., Vorhees, M., and Edsall, H. (2005). Marokko. Footscray, VIC: Lonely Planet.