Men Only is in Britsk neakenblêd dat yn 1935 oprjochte waard troch C. Arthur Pearson Ltd as in mainstream-tydskrift op pocket-formaat (115x165 mm) foar de Britske man. De ynhâld bestie út fiksje, artikels oer in wiid ferskaat oan ûnderwerpen en keunstsinnige neakenfotografy. In oar pocket-tydskrift, Lilliput, wie bekender, mar Men Only naam it yn 1960 oer, krekt sa't it in pear jier earder dien hie mei in oare konkurrint, London Opinion. Doe't mids sechstiger jierren echte neakenblêden, lykas de Playboy en de Penthouse, opkamen, begûn Men Only lêzers te ferliezen. It blêd rekke yn it neigean, besocht om 'e nocht mei mear neakenfotografy fan in minder keunstsinnich soarte it tij te kearen, en waard úteinlik ferkocht.

Men Only
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
taal Ingelsk
sjenre neakenfotografy
frekwinsje 1x de 4 wiken
bestean 1935 – no
oprjochter C. Arthur Pearson
plak haadred. Londen (Ingelân)
útjouwer Paul Raymond Publications
offisjele webside
www.paulraymond.com

De nije eigner, Paul Raymond, in útbater fan nachtklubs yn 'e Londenske wyk SoHo, sette yn 1971 hielendal op 'e nij útein mei Men Only as in neakenblêd dat yn 'e santiger en tachtiger jierren Mayfair nei de kroan stiek as meast ferkochte Britske útjefte yn 'e brâns. Op 't heden wurdt Men Only noch altiten útjûn troch Paul Raymond Publications (PRP), dat acht fan 'e top tsien fan Britske neakenblêden op 'e merk bringt (wêrûnder sûnt 1990 ek Mayfair). Men Only hat ek in digitaal foarkommen op 'e offisjele webside fan PRP, dêr't wól de pornografyske ynhâld te sjen is dy't net yn it blêd sels foarkomt.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.