It Menckemahûs (ek Hettingahûs en Boelenshûs) wie in state yn Kollum, bewesten de tsjerke, gemeente Kollumerlân. Fan it hûs is neat werom te finen.

De bou wie grif yn de earste helte fan de 16e iuw. Yn 1579 wurdt it hûs neamd as Sytcke Menckema-huys binnen Collum, opt west van Colmer-kercke. It hie doe in grutte hovinge. Yn 1594 ferkocht Sytcke it hûs oan in Piter Meinerts en yn 1616 draacht dy syn broer Willem it oer oan Kempo fan Tadema. Dy ruile it trije jier letter tsjin 4 pûnsmiet lân gelegen voor Abbema-huys opt noord van de wegh. Hy woe dat lapke fan sa'n 1,5 hektare blykber sa graach hawwe dat hy der in flink hûs mei in grutte hôving yn it doap foar kwyt woe. De nije eigener waard de prokureur-postulant fan Kollumerlân Sybrant fan Hettinga dy't der al in skoft wenne. Hy wenne al yn 1598 yn Kollum en komt dêr yn 1602 en 1612 as notaris foar. Hy troude earst mei Riem fan Hania, letter mei Auck Ruirdtsdochter en dêrnei mei Ytcke Fratermans. Yn 1620 stoar hy en syn widdo bleau it hûs bewenjen.
Troch keap of erfenis is it hûs yn 1640 eigendom fan Tarquinius fan Boelens, dy't grytman fan Achtkarspelen wie.

Om 1690 waard it hûs as weeshûs ynrjochte en yn 1842 sloopt om romte te meitsjen foar in nije skoalle.

Bewenners bewurkje seksje

  • 1579 Sytcke Menckema
  • 1594 Peter Meinerts
  • oant 1616 Willem Meinerts
  • 1616 – 1619 Kempo fan Tadema
  • 1619 – 1620 Sybrant fan Hettinga
  • 1620 Ytcke Fratermans, widdo Fan Hettinga
  • 1640 Tarquinius fan Boelens

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: