Menko fan Blomhof
Menko fan Blomhof (±1213-1276) wie de tredde abt fan it kleaster Blomhof dat yn de midsiuwen yn Witewierrum stie. Hy is bekend wurden omdat hy it wurk fan de earste abt, Emo fan Blomhof oan dy syn Kronyk fan Bloemhof fan it kleaster fuortset hat. Dêrneist wie hy ferantwurdlik foar de útbou fan it kleaster. De kleastertsjerke is ûnder syn lieding ta stân komd.