Menno Coehoorn fan Scheltinga (1701-1777)

grytman fan Skoatterlân en in Frysk politikus

Menno Coehoorn fan Scheltinga (It Hearrenfean?, 30 maaie 1701 - dêre?, 28 april 1777) wie grytman fan Skoatterlân en in Frysk politikus.

It wie de earste Fan Scheltinga dy't grutte stikken grûn yn de omkriten fan Aldskoat oankocht. Al op 14-jierrige leeftyd waard hy op 30 oktober 1715, troch ôfstân fan syn heit, grytman fan Skoatterlân. Under syn bestjoer is It Hearrenfean haadplak fan de gritenij wurden, dêrfoar wie Aldskoat it haadplak. Letter ek Masterknaap yn it Jachtgerjocht yn Fryslân, en yn 1760 lid fan Deputearre Steaten. Yn 1752 joech er opdracht ta it bouwen fan it tsjerkje fan Aldskoat. De famylje krige dêryn in eigen 'hearebank'. Harren famyljewapen hinget boppe de tsjerkedoar.

It wie in pakesizzer fan de ferneame festingbouwer Menno fan Coehoorn en soan fan Martinus fan Scheltinga en Amelia fan Coehoorn. It houlik ( 13 maaie 1725) mei syn nicht Martha Kinnema van Scheltinga bleau sûnder bern. Se wennen op It Hearrenfean, mar kochten in bûten yn Aldskoat dat er as jachtleafhawwer 'Jagtlust' neamde. In twadde bûten wie de "Pauwenburch" te Brommegea.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: