Menorah (Drachten)

De Menorah wie in tsjerkegebou yn de Drachtster wenwyk De Wiken.

Menorah (Drachten)
bouwurk
De Menorah yn 2021
De Menorah yn 2021
lokaasje
plak Drachten
adres Dwarswyk 350
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1970
sloopjier 2023
arsjitekt J. van der Tas
oare ynformaasje
oerflak 574 m²

Yn de jierren 60 wreide Drachten him eastlik fan de Noarder- en Suderdwersfeart bot út. Yn 1963 waarden de earste wenten yn De Wiken en De Venen boud en yn 1967 wennen dêr al sa'n achthûndert grifformearden dy't oanwiisd wiene op de Sudertsjerke, de Noard-Easttsjerke (in houten needtsjerke oan de Klokhuislaan) en de Noardertsjerke.[1]

De earste plannen foar in nije wyktsjerke stamme út 1965. Ynearsten wie it de bedoeling dat der in tsjerkegebou foar Noard-East-Drachten komme soe oan de eastkant fan de Noarderdwersfeart, mar nei it wizigjen fan de wykyndieling en de plannen waard letter in gaadlik terrein op de hoeke Langewyk-Dwarswyk fûn.[2]

De yn desimber 1966 oprjochte wyktsjerkeried 'East' fan de Grifformearde Tsjerke yn Drachten besleat faasje te setten efter de winsk om de tsjerketsjinsten yndie yn Drachten-East te hâlden. Ynearsten waard de aula fan de Kristelike LTS oan de Splitting hierd, de earste tsjinst dêr wie op 2 april 1967.[1]

Underwilens waard de bou fan in tsjerke oan de Dwarswyk taret. Arsjitekt J. van der Tas fan Drachten makke de bouplannen, dy't útfierd waarden troch it Drachtster Boubedriuw R. Paulusma. Op 4 maart 1970 waard de Menorah offisjeel oerdroegen en yn gebrûk nommen. Der wiene op dat stuit al 1.600 leden yn de wiken De Venen en De Wiken.
Yn't earstoan wie de Menorah yn Drachten in skoft de iennichste tskerke yn Nederlân mei dy namme; letter kamen der ek yn oare plakken tsjerken Menorah te hjitten. De tsjerkerie hie in priisfraach útskreaun en ien fan de útstellen foar de namme kaam fan in pear dat ferskate reizen nei Israël makke hie en sadwaande it idee krige om de Joadske kandler, de menorah, as namme foar de tsjerke op te jaan.

It kompleks op de hoeke Langewyk-Dwarswyk krige de foarm fan in stilearre kop-hals-romppleats.[2] It tsjerkoargel waard yn 1970 boud troch Pels & Van Leeuwen en hat 14 stimmen en 900 pipen, lykas ek dat yn de Fonteintsjerke. It is ek it ienige oargel yn Drachten dat in boarstwurk hat.[3]

De toanielseal dy't by de tsjerkeseal lutsen wurde koe meirekkene, wie it flieroerflak 574 m². Yn de tsjerkseal wie plak foar 490 persoanen en koe noch mei fyftich plakken útwreide wurde. It doopfont wie in geskink fan de arsjitekt, de oannimmers en ûnderoannimmers. Het jûnsmielsstel waard troch de wykgemeente skonken. De tsjerketoer stiet los fan de tsjerke en is 19½ meter heech. De toanhichte fan de liedklok is de C.

Yn 2019 besleat de Protestantske Gemeente Drachten (PGD) te sykjen nei keapers foar harren tsjerken De Arke en de Menorah. De Oase en de Sudertsjerke soene fan de PGD bliuwe, dat gou ek foar de Grutte Tsjerke en De Schakel.[4] Yn de tsjerketsjinst fan 8 maart 2020 waard yn de Menorah omtinken jûn by it fyftichjierrich bestean fan it tsjerkegebou en op 27 juny 2021 wie dêr de lêste tsjinst. [5] Yn maart 2023 waard de tsjerke sloopt. Op it stee sil in appartemintegebou komme.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Vijftig jaar “Menorah” in Drachten Gereformeerdekerken.info, 5 maart 2020
  2. 2,0 2,1 Dwarswijk, Menorah kerk 1970 Dragten.nl
  3. Het Orgel Protestantse Wijkgemeente Drachten Oost Menorah
  4. Protestanten Drachten gaan Arke en Menorah definitief verkopen Drachtster Courant, 25 jannewaris 2019
  5. Laatste dienst yn kerk 'Menorah''. Drachtster Courant, foarside, 30 juny 2021