Menzbiermarmot
De menzbiermarmot of Menzbiers marmot (Latynske namme: Marmota menzbieri) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e marmotten (Marmota), dat foarkomt yn it Tjensjanberchtme, yn eastlik Kazachstan, Kirgyzje en Oezbekistan. It natuerlike biotoop fan 'e menzbiermarmot is tuskenbeiden greidlân op 'e berchskeanten dêre.
menzbiermarmot | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
In menzbiermarmot op in Oezbeekske postsegel út 2012. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Marmota menzbieri | ||||||||||||
Kashkarov, 1925 | ||||||||||||
IUCN-status: kwetsber | ||||||||||||
Dizze soarte waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1925. De namme fan it bist is in hommaazje oan 'e Russyske soölooch Michaïl Aleksandrovitsj Menzbier (1855-1935). De menzbiermarmot hat de IUCN-status fan "kwetsber", wat de leechste is fan 'e trije foarmen fan bedriigdheid (de oare beide binne "bedrige" en "krityk"). De menzbiermarmot wurdt benammen yn 'e benearing brocht troch habitatferlies.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|