Michail Zosjtsjenko
Michail Michailovitsj Zosjtsjenko (Russysk: Михаил Михайлович Зощенко) (Poltava, 10 augustus 1895 - Leningrad, 22 july 1958) wie in Sovjet-Russyske skriuwer fan humoristyske en satiryske ferhalen.
Libben
bewurkje seksjeZosjtjenko waard berne yn Poltava, yn de Oekraïne, út in aadlik laach. Syn heit wie keunstner en syn mem hie aktrise west. Hy studearre rjocht yn Sint-Petersburch. Yn de Earste Wrâldkriich naam er tsjinst yn 't leger. Hy gie as faandrich nei de rinfourgen oan it front. Twa jier letter wie er kaptein. Yn 1917 waard er siik by in gifgasoanfal. Hy hat dêrtroch syn libben lang lêst hân fan syn hart en lever.
Zosjtjenko hie faak te lijen fan swiersettichheid en sels depresjes. Psychoanalyze holp him neat. Hy rekke ûnder de ynfloed fan Pavlov syn teory fan 'refleksen mei betingst' en paste dy ta op syn eigen psychyske ûntjouwing. Hy begûn mei it notearjen fan situaasjes út syn jeugd dy't er him te binnen bringe koe en dy't letter bondele binne yn 'Foar sinne-opgong' (1943).
Nei 1946 doe't syn wurk net mear ferkocht wurde koe, libbe en stoar Zosjtjenko yn grutte earmoed.
Zosjtjenko waard bewûndere troch de komponist Dmitri Sjostakovitsj fanwege syn satiryske krityk op it Sovjetsysteem en om syn literêre opfettings.
Wurk
bewurkje seksjeWerom fan it front meldde hy him oan as skriuwer by it troch Maksim Gorki oprjochte Hûs fan de Keunsten yn Sint-Petersburch (hiet dan Petrograd). Hy makke dêr diel út fan de saneamde Serapionbruorren, (sa neamd nei de kluzener Serapion út in ferhaal fan E. T. A. Hoffmann).
Zosjtjenko wie tige populêr yn de 20er jierren mei syn koarte koartswillige satiryske ferhalen. Dêr wiene ek berneferhalen oer Lenin by. Syn wurk hie oplagen fan wol 1 miljoen eksimplaren. Hy brûkte ienfâldige taal, sels dialekt en bargoensk, in betingst foar literatuer fûn er. Syn wurk jout in realistysk byld fan it libben yn dy tiid, yn tsjinstelling ta it wurk fan de sosjaal realistyske skriuwers. Yn de jierren 30 hat er noch wolris besocht him oan de sosjaal-realistyske easken oan te passen, mar dat mislearre him.
It útkommem fa 'Foar sinne-opgong' kaam Zosjtjenko op in protte krityk te stean. Andrej Zjidanov, siktaris fan it Sintraal Kommitte fan de Kommunistyske Partij baarnde him ta de gûn ta ôf. Zosjtjenko wie ûnder oaren 'egosintrysk', 'fatalistysk, 'in pornograaf sûnder doel' en syn wurk azeme in te fersmiten moraal. Foar soks en sokken wie gjin plak yn de Sovjet-heilsteat en al hielendal net yn in tiid dat de rest fan it folk him tige warde yn de 'Grutte Heitelânske Kriich' (WK II).
Syn wurk mocht net mear útbrocht wurde fan 1946 ôf. Earst nei de dea fan Stalin yn 1953 waard er rehabilitearre. Dêrtroch koe er noch meimeitsje dat yn 1956 in bondel samle wurk útjûn waard.
Bibliografy (ûnfolslein)
bewurkje seksje- 'Ferhalen fan de hearNazar Iljitsj Sinebrjuchov', 1922
- 'In ferskriklike nacht', novelle, 1924
- 'Wêroer song de nachtegeal', novelle, 1925
- 'De skiednis fan in libben', 1934
- 'Kerenski', biografy, 1937
- 'Taras Sjevtsjenko, biografy, 1939
- 'Foar sinne-opgong', 1943. Diel ien fan 'Kaaien ta it lok'.Selfanalyse.
- 'Samle wurk', 1956
- 'Ferhaal oer de fernimstigens', 1972. Diel twa fan 'Kaaien ta it lok'.
Literatuer
bewurkje seksje- Scatton, Linda Hart (1993). Mikhail Zoshchenko: Evolution of a Writer. Cambridge University Press. ISBN 0-521-42093-8.
- Volkov, Solomon (2004). Shostakovich and Stalin: The Extraordinary Relationship Between the Great Composer and the Brutal Dictator. Knopf. ISBN 0-375-41082-1.
- Zosjtjenko, Michail. 'Foar sinne-opgong', mei in neiwurd fan Kristien Warmenhoven. Utjouwerij G. A. van Oorschot, 1978.
- Waegemans, E. (1986). Russyske letterkunde. Oersjoch fan de wichtichste skriuwers en streamingen fan Poesjkin oant Soltsjenitsjin.