Mienskiplik Bûtenlânsk en Feiligensbelied

It Mienskiplik Bûtenlânsk en Feiligensbelied (GBFB) is it bûtenlânske en definsjebelied fan de EU nei de bûtenwrâld. De GBFB waard mei it Ferdrach fan Maastricht yn 1993 oprjochte.

It giet om in yntergûvermintale gearwurking fan regearingen. Dêrtroch moatte besluten tusken de lidsteaten ienriedich nommen wurde yn de Europeeske Rie of yn de Rie fan de Europeeske Uny . Foar de útfiering fan it GBFB binne hege EU-fertsjintwurdigers ferantwurdlik mei de Europeeske tsjinst foar ekstern optreden en diplomaten fan de lidsteaten.

Federica Mogherini

De GBFB wurdt foarsitten en fertsjintwurdige troch de Hege Fertsjintwurdiger foar it GBFB. Op 1 desimber 2014 naam Federica Mogherini dy post oer Catherine Ashton, dy't sûnt 2009 Hege Hertsjintwurdiger wie.

Neffens kêst 24 fan it EU-ferdrach is it GBFB ferantwurdlik foar it ymplemintearjen fan de doelen, dy’t yn kêst 21 fan it EU-ferdrach fêstlein binne. Dêrby giet it om:

  • it beskermjen fan syn wearden en fûnemintele belangen, en ek fan syn feilichheid, ûnôfhinklikheid en yntegriteit;
  • it konsolidearjen en fuortsterkjen fan demokrasy, rjochtssteat, minskerjochten en de begjinsels fan it ynternasjonaal rjocht;
  • it hanthavenjen fan de frede, it tefoarenkommen fan konflikten en it fersterkjen fan de ynternasjonale feilichheid neffens de doelstellingen en begjinsels fan it Hânfêst fan de Feriene Naasjes, en ek neffens de begjinsels fan de Slotakte fan Helsinki en de doelstellingen fan it Hânfêst fan Parys, dêrby ynbegrepen de doelstellingen oangeande de bûtengrinzen;
  • it stypjen fan de duorsume ûntjouwing fan de ûntwikkelingslannen op ekonomysk en sosjaal mêd, en ek wat it miljeu oanbelanget, mei as foarnaamste doel it ferdriuwen fan de earmoed;
  • it stimulearjen fan de yntegraasje fan alle lannen yn de wrâldekonomy, ûnder oaren troch it njonkelytsen út 'e wei romjen fan behinderingen foar de ynternasjonale hannel;
  • it leverjen fan in bydrage oan it útwurkjen fan ynternasjonale maatregels om de kwaliteit fan it miljeu en it duorsum behear fan de mondiale natuerlike rykdommen te beskermjen en te ferbetterjen, om in duorsume ûntjouwing te garandearjen;
  • it jaan fan help oan folken, lannen en regio's dy't te krijen hawwe mei natuerrampen of mei rampen dy't troch minsken feroarsake binne; en
  • it befoarderjen fan in ynternasjonaal bestel dat basearre is op sterkere multylaterale gearwurking en goed mondiaal bestjoer.
1948 1952 1957 1967 1987 1993 1999 2003 2009 2011
Brussel Parys Rome Fúzjeferdrach Europeeske Akte EU-Ferdrach Amsterdam Nice Lissabon
Europeeske Mienskip foar Koalen en Stiel (EMKS)
Europeeske Atoomenerzjy Mienskip (EURATOM)
Europeese Ekonomyske Mienskip (EEM)
P

Y

L

D

E

R

S
Europeeske Mienskip (EM) Europeeske Uny (EU)
↑Europeeske Mienskippen↑ Justysje en Ynlânske Saken (JYS)
Polysjele en Justysjele Gearwurking yn Strafsaken (PJGS)
Europeeske politike gearwurking (EPG) Mienskiplik Bûtenlânsk en Feiligensbelied

(GBFB)

West-Europeeske Uny (WEU)