West-Europeeske Uny
De Westjeropeeske Uny of Westeuropeeske Uny (WEU) wie in Westeuropeeske organisaasje foar militêre gearwurking dy't bestien hat fan 1954 oant 2011. De basis foar de WEU waard lein yn it op 17 maart 1948 yn Brussel troch Belgje, Frankryk, Lúksemboarch, Nederlân en Feriene Keninkryk tekene Ferdrach fan Brussel, offisjeel it "Ferdrach oangeande Ekonomyske, Sosjale en Kulturele Gearwurking en Kollektive Selsferdigening" neamd. Op 23 oktober 1954 is dit ferdrach amendearre en oanfold, wêrby't de Westeuropeeske Uny oprjochte waard. Dy omfette neist de fiif oarspronklike ûndertekeners ek de Bûnsrepublyk Dútslân en Itaalje as leden.
It haadkertier fan de WEU siet yn Brussel. Op 30 juny 2011 is de WEU ûntbûn.
Sekretaris-generaal fan de WEU
bewurkje seksjePerioade | Namme |
---|---|
1955 - 1962 | Louis Goffin |
1962 - 1970 | Maurice Iweins d'Eeckhoutte |
1971 - 1974 | Georges Heisbourg |
1974 - 1977 | Friedrich-Karl von Plehwe |
1977 - 1985 | Edouard Longerstaey |
1985 - 1989 | Alfred Cahen |
1989 - 1994 | Wim van Eekelen |
1994 - 1999 | José Cutileiro |
1999 - 2009 | Javier Solana |
2009 - 2011 | Arnaud Jacomet |
Keppeling om utens
bewurkje seksje1948 | 1952 | 1957 | 1967 | 1987 | 1993 | 1999 | 2003 | 2009 | 2011 | |
Brussel | Parys | Rome | Fúzjeferdrach | Europeeske Akte | EU-Ferdrach | Amsterdam | Nice | Lissabon | ||
Europeeske Mienskip foar Koalen en Stiel (EMKS) | ||||||||||
Europeeske Atoomenerzjy Mienskip (EURATOM) | ||||||||||
Europeese Ekonomyske Mienskip (EEM) | → P Y L D E R S → |
Europeeske Mienskip (EM) | Europeeske Uny (EU) | |||||||
↑Europeeske Mienskippen↑ | Justysje en Ynlânske Saken (JYS) | |||||||||
Polysjele en Justysjele Gearwurking yn Strafsaken (PJGS) | ||||||||||
Europeeske politike gearwurking (EPG) | Mienskiplik Bûtenlânsk en Feiligensbelied (GBFB) | |||||||||
West-Europeeske Uny (WEU) | ||||||||||