It minimumlean is it leechste bedrach dat in wurkjouwer wetlik ferplichte is oan in wurknimmer as lean te beteljen. In minimumlean kin útdrukt wêze as oerelean, of lean yn 'e moanne of yn 'e wike. It minimumlean is altyd útdrukt as brutolean, sûnder ynhâlding fan belestingen en sosjale sekerheidsbydragen. Binnen de Europeeske Uny hawwe 20 - dêrûnder Nederlân en Belgje - fan de 27 lidsteaten in minimumlean. Oare lannen - dêrûnder Noarwegen, Dútslân, Eastenryk, Denemark, Switserlân, Finlân, Sweden, Itaalje en Syprus - hawwe gjin wetlik minimumlean, mar litte dat oer oan ûnderhandelingen tusken wurkjouwers- en wurknimmersorganisaasjes.

Oer de ekonomyske effekten fan it minimumlean bestiet gjin konsensus ûnder ekonomen.

De Nederlânske wet bepaalt hoe heech dit minimumlean is, en fan 15 - 23 jier is dat mei ôfhinklik fan de leeftyd fan de wurknimmer en it oantal oeren dat in folsleine wurkwike bedraacht konform de CAO. Under de 15 jier jildt gjin wetlik minimumlean.

It minimumlean is yn Nederlân ynfierd op 27 novimber 1968. It waard doe fêststeld op 100 gûne yn de wike. [1]

It minimumlean wurdt twa kear jiers (yn jannewaris en july) oanpast oan de gemiddelde ûntwikkeling fan de CAO-leanen. It bedraacht mei yngong fan 1 jannewaris 2010 € 1.407,60 euro bruto de moanne foar in wurknimmer fan 23 jaar of âlder by in folsleine wurkwike.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Informatie over minimumloon in Nederland:


  1. Publikaasje fan de SER oangeande it minimumlean foar 25 jierrigen.