Dijkstra is in Fryske boeresoan dy't sosjale psychology oan de Universiteit fan Amsterdam studearre. Hy kaam nei syn stúdzje werom nei Fryslân en wie fan 1964 oant 1967 direkteur fan de Stichting ter Bevordering van het Buurthuiswerk in het Noorden (SBBN).
Dijkstra stie oan de widze fan D'66, benammen yn Fryslân. Hy kaam yn de earste fraksje fan D'66 yn de Twadde Keamer as wurdfierder ûnderwiis, ferkear en lânbou. Hy tsjinne as jong Keamerlid tegearre mei Anneke Goudsmit in inisjatyfwetsfoarstel yn oer it rydûnderwiis. Hy ferdigene yn 1972 út namme fan in minderheid fan syn fraksje it stânpunt dat ta frijlitting fan de Trije fan Breda oergien wurde moast.
Nei syn Keamerlidmaatskip beklaaide er bestjoersfunksjes by de NOS en de Wrâldomrop. Yn 2010 waard er foarsitter fan de Vereniging Vrienden van de Amsterdamse Binnenstad.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|