Minne Hovenga
Minne Hovenga (Wommels, 1951) is in âld-keatser dy't fan 1970 oant 1984 op it heechste nivo by de KNKB spile hat.
Prizen
bewurkje seksjeYn de 14 jier dat er aktyf wie as (reserve) 1e klasser, wûn hy 26 earste prizen. Hy waard 4 kear útroppen ta kening. Hovenga helle foar it ivich keatsklassemint meiïnoar 229 punten.
Funksje
bewurkje seksjeMinne Hovenga begûn syn karriêre as opslagger, mar makke letter de stap nei it perk, dêr't er as efterynse syn grutste suksessen helle.
Klaverke Fjouwer
bewurkje seksjeFan it klaverke fjouwer wûn hy allinne de Jong Nederlânpartij. Dat barde yn 1972 foar syn bertedoarp Wommels mei as maten Piet de Jong en Pier Zijlstra. Fiif jier letter, yn 1977 helle Hovenga foar Wommels in twadde priis op de Bûnspartij.