Minnistetsjerke (Harns)

De Mennistetsjerke oan de Sâltsleat is it tsjerkegebou fan de mennisten yn Harns.

Mennistetsjerke
bouwurk
De út 1853 datearjende en yn 1996 sloopte tsjerke
De út 1853 datearjende en yn 1996 sloopte tsjerke
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Harns
adres Sâltsleat 50
bysûnderheden
type bouwurk tsjerke
boujier Net bekend, foargonger: 1853
offisjele webside
Side Mennisten, Harns

De Harnzer mennisten tsjerkje tsjintwurdich yn in wenhûseftich gebou op de hoeke fan de Sâltsleat en Karremanstrjitte, mar oant healwei de jierren 1990 hiene de mennisten noch in monumintale neoklassisistyske tsjerke oan de Sâltsleat. It ûnderhâld fan dy út 1853 datearjende troch de arsjitekt J. Posthuma boude tsjerke waard lykwols te djoer foar de mennisten en sadwaande folge de ôfbraak yn 1996. De hûzen der neist, dy't ek yn it besit fan de tsjerklike gemeente wiene, binne doe restaurearre en ferboud ta de nije tsjerke.

It histoaryske oargel fan de âlde tsjerke bleau bewarre en waard yn 1996 demontearre en opslein. It ynstrumint waard yn 1811 troch Albertus van Gruisen boud en letter útwreide mei û.o. in frij pedaal troch Petrus van Oeckelen. It oargel mei twa manualen en sechtjin registers ferdield oer it haadwurk en ûnderposityf soe ynearsten yn de Grifformearde tsjerke fan Vollenhove opboud wurde, mar dat slagge net. Lang om let kaam it oargel yn de Oude Kerk fan Soest telâne, dêr't it op 12 jannewaris yn gebrûk nommen waard. Foar de nije lokaasje moast it oargel wat oanpast wurde. Ek krige it swarte oargelfront in essen kleur.[1][2][3]

It tsjintwurdige oargel fan de Harnzer mennistetsjerke waard yn 1917 boud troch de Deenske oargelbouwer A.C Zachariasen & Soannen út Århus. Oarspronklik stie it yn de tsjerke fan Nordby by Esbjerg. De bou waard dêr doedestiids mooglik makke troch in Deen, dy't it ynstrumint ta neitins fan syn ferstoarne frou oan de tsjerke fan Nordby joech. Yn 1984 krige de tsjerke dêr in grutter oargel. It ienmanualige ynstrumint mei seis stimmen waard ein jierren 1980 troch in fekânsjegonger nei Nederlân nommen en tsjintwurdich stiet it op in diel fan de âlde galerij yn de nije mennistetsjerke fan Harns.[4]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: