Minorisearre taal
Yn 'e sosjolinguistyk is in minorisearre taal in taal dy't marginalisearre, ferfolge of ferbean wurdt. [1] Taalminorisaasje komt fuort út 'e oanstriid fan lannen om ien mienskiplike homogene taal foar de hannel en de oerheid te fêstigjen, of om ideologyske redenen. [2] Minorisearre talen binne typysk beheind ta in lytser skala oan taaldomeinen as de dominante talen, wat soarget foar in taalferskowing yn it foardiel fan de dominante taal. Faak is der in patroan fan iensidige twataligens om't sprekkers fan minorisearre talen de dominante taal wol leare, mar net oarsom. De status fan in minorisearre taal wurdt gauris leger achte.
Minderheid tsjinoer minorisearre
bewurkje seksjeWannear't der sprutsen wurdt fan in minderheidstaal giet it benammen oer de numerike ferhâldings. It is in taal dy't yn brûkt wurdt troch in lyts tal sprekkers yn in gebiet.[1] Dêrnjonken is der sprake fan minder politike macht by de betreffende groep. [2] Dat lêste jildt ek foar minorisearre talen, mar in taal kin ek minorisearre wurde wylst er troch in mearderheid fan 'e befolking sprutsen wurdt.
In foarbyld hjirfan is it Frysk binnen Fryslân, wêr't in mearderheid fan de minsken Frysk sprekke kin wylst de taal wol minorisearre wurdt. Oare foarbylden binnen de oarspronklike talen fan Afrika yn tiden fan kolonisaasje, doe't de koloniale talen favoryt waarden.
"It gebrûk fan it Spaansk as deistich kommunikaasjemiddel, en dus syn maatskiplik belang, hinget sterk ôf fan hoe't de Spaanske befolking it brûkt. Spitigernôch is der in dúdlike ferpleatsing nei it Ingelsk te fernimmen ûnder Spaansktaligen dy't nei de Feriene Steaten ferfearn binne." - Carmen Silva-Corvalán (2002)
Fierder wurdt it Spaansk yn it suden fan 'e Feriene Steaten minorisearre wêrtroch it in minderheidstaal wurden is. Oan de oare kant is it Spaansk lykwols de dominante taal yn Latynsk-Amearika, dêr't lokale lânseigen talen minorisearre wurde. [3] De term "minorisearre" krijt somtiden de foarkar boppe it wurd "minderheidstaal", om't dat de oandacht lûkt nei it machtsferskil tusken talen. [2]
Westerske taalideology
bewurkje seksjeNancy Dorian, Kathryn A. Davis en Prem Phyak hawwe ornearre dat der in "westerske taalideology" is dy't sosjaal darwinisme tapast op taalwittenskip. Dy ideology soe ientaligens idealisearje, de foardielen fan meartaligens ûntkenne en net-standerttaalfarianten ferachtsje. Om't soksoarte net-standertfarianten as tekoart oantsjut wurde, wurdt in hierargy fan talen makke. Guon auteurs hawwe in ferbining lutsen tusken anty-ymmigraasjesentimint, benammen anty-Dútske sentimint, en Ingelsktalich ûnderwiis yn 'e Feriene Steaten. [4]
Yn Jeropa wie it proses fan minorisaasje, bygelyks fan 'e Keltyske talen yn Brittanje of de minderheidstalen yn Frankryk en Itaalje, ferbûn mei it ûntstean fan nasjonalistyske bewegings dy't yn 'e njoggentjinde iuw de oprjochting fan ientalige, monokulturele naasjesteaten fregen. It proses fan minorisaasje late gauris ta in taalferskowing nei de hegemonyske taal. [5]
Skaaimerken fan minorisaasje
bewurkje seksjeIt definiearjende skaaimerk fan minorisaasje is it bestean fan in machtûnbalâns tusken dy taal en de dominante. In teken dat in taal minorisearre is, is dat syn sprekkers iensidige twataligens ûntwikkelje - se leare de dominante of prestiizjetaal, mar sprekkers fan 'e dominante taal leare de minorisearre taal net. In oar faak foarkommend symptoom fan minorisaasje is de beheining fan 'e taal ta in beperkt oanbod fan taaldomeinen. In taal dy't útsletten is fan gebrûk troch de oerheid en formeel ûnderwiis kin allinnich thús en yn sosjale situaasjes brûkt wurde.
Fanwegen it boppesteande wurde sprekkers fan 'e minorisearre taal in subset fan 'e sprekkers fan de dominante taal. Bygelyks binne alle sprekkers fan it Skotsk-Gaelysk ek Ingelsktaligen, mar de measte Ingelsktaligen yn Skotlân prate gjin Gaelic. It ferstean en lêzen fan dat Gaelic soe in brêge betsjutte kinne foar dy taal. [6] Likegoed fine sprekkers fan it Sardynsk har yn in relatyf lytse minderheid yn ferliking mei dy fan it Italjaansk, fan wa't it hjoeddeistige oerwicht op it eilân it gefolch is fan belied dat rjochte is op it útsluten en stigmatisearjen fan 'e groepsidentiteit fan de oarspronklike bewenners. [7] Yn tsjinstelling ta in minorisearre taal, kinne sprekkers fan in dominante taal alle funksjes fan it deistich libben útfiere. [8]
Sprekkers fan 'e dominante taal brûke typysk it gruttere prestiizje fan 'e dominante taal as tsjinargumint om de sitewaasje te feroarjen. Dat makket it lestich om de sitewaasje geunstiger te meitsjen foar de minorisearre taal. Bygelyks in protte "liberale" krityk op taalplanning foar minorisearre mienskippen is dat yntervinsje yn it foardiel fan minorisearre talen liket op it belied dat de ûnlykwichtige sitewaasje yn it foarste plak feroarsake hat. Tink hjirby oan taalwetjouwing, elitisme, útsluting fan oare talen fan it formele ûnderwiis, en sels twongen befolkingsoerdracht.
Gefolgen
bewurkje seksjeYn Engaged Language Policy and Practices neame de auteurs trije ûndersiken dy't sjen litte dat de akademyske prestaasjes fan studinten te lijen ha ûnder belied dat harren memmetaal minorisearret. Nancy Dorian hat ornearre dat de "westerske taalideology" (dy't ientaligens befoarderet) in "ideology fan ferachting" stimulearret tsjinoer minorisearre talen. [4] It proses fan minorisaasje kin sa liede ta taalferskowing yn it foardiel fan de dominante taal. [5]
Foarbylden
bewurkje seksje- Yn Ruslân waarden sprekkers fan Ös en Tofa bespot foar of ferbean harren talen te praten. [9]
- De Guarani-taal fan Paraguay, hoewol sprutsen troch in mearderheid fan 'e steatsboargers, wurdt sjoen as in dúdlik foarbyld fan in minorisearre taal, fanwege de sosjaalekonomyske en politike dominânsje fan it Spaansk. Organisaasjes lykas Yvy Marãe'ỹ pleitsje tsjin dy trend.
- Mei yngong fan 2019 wurde learlingen yn 'e provinsje Guangdong yn Sina straft as se har memmetaal Kantoneesk prate. [10] Iepenbiere teksten stimulearje minsken om de taal fan 'e sintrale oerheid Mandaryn te brûken mei dizze wurden: "Gebrûk beskaafde taal - Wês in beskaafd persoan.", [11] wat ymplisearret dat de pleatslike taal ûnbeskaafd is.
Ferwizings
bewurkje seksje- ↑ 1,0 1,1 El Ponce de León, referente en inclusión educativa y social. Sitearflater: Unjildige
<ref>
-oantsjutting; de namme "CNSE" ferskate kearen definiearre mei oare ynhâld - ↑ 2,0 2,1 2,2 The Handbook of Educational Linguistics. Sitearflater: Unjildige
<ref>
-oantsjutting; de namme "spo" ferskate kearen definiearre mei oare ynhâld - ↑ Indigenous Languages of South America. Oproppen op 23 August 2018.
- ↑ 4,0 4,1 Davis, Kathryn A., Phyak, Prem
, Engaged Language Policy and Practices. Taylor & Francis (2016), p. 19. ISBN 9781317442493. Sitearflater: Unjildige
<ref>
-oantsjutting; de namme "Davis" ferskate kearen definiearre mei oare ynhâld - ↑ 5,0 5,1 Hinton, Leanne, Huss, Leena, Roche, Gerald
, The Routledge Handbook of Language Revitalization. Routledge (2018). ISBN 9781317200857. Sitearflater: Unjildige
<ref>
-oantsjutting; de namme "Hinton" ferskate kearen definiearre mei oare ynhâld - ↑ MacAulay, Donald, The Celtic Languages. Cambridge University Press (1992), p. 141. ISBN 978-0521231275.
- ↑ On the subject of the Sardinian language in relation with the identity practices in Sardinia, see Mongili, Alessandro. Topologie postcoloniali. Innovazione e modernizzazione in Sardegna, Condaghes, 2015, chpts. 8, 9.
- ↑ Sitearflater: Unjildige
<ref>
-oantsjutting; der is gjin tekst opjûn foar referinsjes mei de nammeCalaforra
- ↑ Harrison, David K., When Languages Die. Oxford University Press (2008), 20–21. ISBN 978-0195372069.
- ↑ He Huifeng, "Meet the man fighting to keep Cantonese alive in its birthplace".
- ↑ Huifeng, He, "The activist fighting to keep Cantonese alive in its homeland".