Taalferoaring is it ferskynsel dat talen yn 'e rin fan 'e tiid feroarje. Foar sa'n feroaring kinne ferskate oarsaken wêze:

  • Sprekkers fan in taal stribje hast altyd nei ferienfâldiging; dat is in saak fan ekonomy. Sa wurdt yn it Frysk tsjintwurdich faak praat fan bruts en luts, nei analogy fan brutsen en lutsen, wylst âlder Frysk dêrfoar briek en loek hat.
  • Ynfloed fan in oare taal. Sa wurdt foar Frysk tsjûge gauris getuge sein, grif ûnder ynfloed fan Nederlânske getuige.
  • By taalwiksel wurdt in taal oernommen troch sprekkers fan in oare taal en dat kin wolris ynfloed fan 'e substraattaal jaan, bygelyks om't de nije sprekkers muoite mei har nije taal hawwe.
In foarbyld dêrfan is: dêr't oare Germaanske talen sinnen opbouwe as Ik gean ..., sprekt it Ingelsk fan I am going .... Dat is de letterlike oersetting fan it Welske Rydw i 'n mynd .... De nije sprekker hoegde dan allinne de bûging fan to be te learen en net dy fan to go en al dy oaren.
  • Der binne noch hiel wat aspekten fan taalferoaring dêr't gjin oarsaken foar fûn binne. Guon tinke dan ek wol oan spontane drift, dat wol sizze, in feroaring sûnder oanwiisbere taalkundige wetmjittichheid. Dat soe dan de oarsaak wêze kinne fan bygelyks de grutte lûdferoarings yn it Frysk. Mar ek homonymeflecht wurdt dêrfoar as ferklearring oanfierd.