Mis(s)ferkiezing
Mis(s)ferkiezing is de titel fan in missferkiezing foar moaie froulju mei in fysike beheining. It idee kaam fan Lucille Werner.
De winner soe in jier lang ambassadrise foar Onbeperkt Nederland wêze, en krewearje foar it ferbetterjen foar it plak fan beheinden yn de Nederlânske mienskip. [1]. It programma waard ein maaie 2006 foar it earst troch de TROS útstjoerd. Roos Prommenschenckel wûn de ferkiezing doe. Op 6 juny 2007 waard Reni de Boer winneresse fan de Mis(s)ferkiezing 2007 [2].
De rjochten foar it programma binne ferkocht oan bedriuwen yn Grut-Brittanje, Dútslân, Frankryk en de Feriene Steaten [3].
Yn 2008 waard it programma opfolge troch CAPawards dêr't letter ek de jongereinfariant Cappies oan taheakke is.
2017
bewurkje seksjeYn 2017 kaam it programma werom by SBS6. De presintaasje wie yn hannen fan inisjatyfnimster Lucille Werner tegearre mei akteur Kees Tol. De sjury bestie út âld-winnares Roos Prommenschenckel, earder Miss Universe Kim Kötter en âld-proffuotballer Evgeniy Levchenko. Winnares wie Mirande Bakker-Brouwer. Premier Mark Rutte kroande har mei in gouden diadeem.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|