Moardnerij fan Nemmersdorf
De moardnerij fan Nemmersdorf fûn plak yn it easten fan Prusen, yn it doarp dat hjoed-de-dei Majakovskoje hjit en yn 'e oblast Kaliningrad leit. Nemmersdorf wie ien fan 'e earste plakken op it grûngebiet fan it Tredde Ryk, dy't yn 'e lêste faze fan 'e Twadde Wrâldkriich troch de Russen ynnommen waarden.
Neffens hjoeddeiske opjeften binne by de besetting fan it Reade Leger fan Nemmersdorf tusken de 19 en 30 minsken fermoarde. Sintraal stiet it deasjitten fan 9 oant 13 boargers, dy't har yn in bunker foar de striid skûl holden. Dêrby komme noch seis oare ynwenners fan it doarp en in pear minsken dy't net út Nemmersdorf en by de gefjochten om it libben kamen. Oant de dei fan hjoed is it noch altiten net dúdlik yn hokker sitewaasje de ynwenners om it libben kamen.
Nemmersdorf gie yn 'e Twadde Wrâldoarloch de skiednis yn as in barren, dêr't de soldaten fan it Reade Leger yn it wylde wei boargers fermoarden, froulju ferkrêften en krusigen en lytse poppen de plassen yn sloegen. Yn histoarysk ûndersyk wurdt it fermoardzjen fan 'e ynwenners as in kriichsmisdied troch Sovjet-soldaten beskôge en yn Dútslân wurdt it ynterpretearre as in foarteken fan 'e misdieden dy't mei it fierder optsjen fan it Reade Leger yn Dútslân begien waarden, nammentlik de massale gefallen fan ferkrêfting yn 1945, mar yn it ramt fan 'e nazy-propaganda waard it barren ek mei ûnwierheden grouwéliger makke as it wie.
Sovjet-besetting
bewurkje seksjeOp 21 oktober 1944 slaggen de Russen der yn 'e iere moarn yn om de brêge oer de Angerapp yn te nimmen en oer te stekken. Wêrom de Wehrmacht de brêge earder net opblaasd hie om sa de Russen te kearen is net dúdlik. Neffens tsjûgen wiene der al eksplosiven ûnder de brêge lein, mar fanwegen noch te ferwachtsjen flechtlingen soene de ferantwurdliken neffens de publisist Bernhard Fisch mooglik besletten ha de brêge noch net op te blazen. Yn in heal oere tiid hiene de Russen dêrnei al it gebiet oant it goed Pennacken yn hannen, dat noardwestlik fan Nemmersdorf lei.
Nemmersdorf telde doe 637 ynwenners en de measten ynwenners wiene al op 'e flecht slein, mar der wiene guon efter bleaun, bygelyks minsken sûnder hynder en wein, âlden fan dagen of siken. Nei alle gedachten wie it mar in lyts oantal fan dûbele sifers, dêr't dan noch wat flechtlingen út de doarpen eastlik fan 'e brêge by opteld wurde koene en dy't it Reade Leger om 'e middei hinne wer gean lieten.
Wat der yn 'e tiid fan 'e Russyske besetting tusken 21 en 23 oktober 1944 krekt barde falt dreech te rekonsturearjen, om 't der hast gjin ferslaggen fan betroubere tsjûgen binne. Boppedat sit der tiidsferskil tusken it barren en de fêstleine ferslaggen út dy tiid of binne se troch tredden beskreaun, dy't yn 'e regel nauwe bannen mei de NSDAP hiene en de ferhalen op basis fan persoanlike kontakten mei inoar ôfstimden.
De werovering fan Nemmersdorf troch de Wehrmacht
bewurkje seksjeAl yn 'e nacht nei 21 oktober 1944 hie de Wehrmacht yn it garnizoen Insterburg alarmienheden opsteld. It Dútske Panzergrenadier-Ersatzbataillon 413 stjoerde yn 'e nacht nei 22 oktober likernôch 100 man nei Nemmersdorf, dy't fan Oberleutnant Louis Rubbel en Feldwebel Helmut Hoffmann oanstjoerd waarden en it doarp fan 'e westlike kant oanfoelen. Se wisten de Angerapphichte súd fan it doarp te oermasterjen, wylst ienheden fan it Fallschirm-Panzer-Division Hermann Göring it doarp fanút it noardwesten oanfoelen. Om 02:30 fan 23 oktober luts it Reade Leger him út Nemmersdorf werom om harren ferdigeningsstellings eastlik fan 'e Angerapp yn te nimmen. De Dútske troepen krigen dy weromtocht lykwols pas sa'n seis oant acht oeren letter yn 'e rekken. Ien fan 'e earsten om de lokaasje te ynspektearjen wiene Helmut Hoffmann en de soldaat Harry Thürk fan 'e Division Hermann Göring en al gau tilde it yn Nemmersdorf op fan 'e hege SS-ers en NSDAP-ers. Alle berjochten út dy tiid komme mei inoar oerien, sawol yn hokker omstannichheden de liken oantroffen waarden as ek it tal slachtoffers. Oer de fraach of der ferkrêftings plakfûn hiene, ferskille de berjochten. Hoffmann ûntkende, wylst de Geheime Feldpolizei dat mooglik achte by in frau dy't by de brêge fûn wie. Fanwegen de temperatuer waarden de liken ynearsten yn in massagrêf op it doarpstsjerkhôf begroeven. Letter waarden de liken wer opgroeven en ûndersocht, de Geheime Feldpolizei telde 13 froulju, acht manlju en fiif bern. Meiïnoar wiene der 26 minsken dy't by namme bekend waarden. Njonken de bekende minsken wiene der ek oare persoanen, wêrfan net mei wissichheid fêst te stellen is of hja op dat stuit yn of om Nemmersdorf wiene en hoe't hja om it libben kamen.
Nei it opgraven fan 'e liken waarden foto's makke, mar it is net dúdlik wat der mei de liken dien waard doe't der foto's makke binne. Wis is wol dat de rokken fan 'e opgroeven froulju foar dat doel omheech lutsen waarden en it ûnderguod nei ûnder. It wie op dat stuit dus al dúdlik dat de liken foar propagandistyske doelen ynset wurde soene.
Propaganda
bewurkje seksjeIt Dútske Reichspropagandaministerium ûnder lieding fan Joseph Goebbels seach yn it barren fuortendaliks in mooglikheid om dêr propagandistysk fan te profitearjen en it is sels mooglik dat noch foar de ynname fan Nemmersdorf troch it Reade Leger dêr al oer neitocht wie. Sa wie it ministearje bekend mei in omslach yn it tinken fan 'e Dútske befolking, dy't nei de rige fan ferliezen oan it Eastlike en Westlike front jimmeroan skeptysker foar de Wehrmacht en de Nasjonaalsosjalistyske machthawwers oer stie. It ministearje wurke dêrom oan maatregels om de kriichsmoraal fan 'e Dútsers te ferbetterjen. Noch foardat de Wehrmacht it doarp oanfoel, gyngen lieders derfan út dat yn Nemmersdorf ek boargers ombrocht wurde soene.
Op basis fan 'e rapporten fan NSDAP-ers, SS-ers en leden fan 'e Wehrmacht waard op 27 oktober 1944 yn 'e Völkischer Beobachter en oare Ryksdútske kranten oer Nemmersdorf publisearre. Der waard gjin eksakt oantal slachtoffers neamd, mar oan de deaden waarden wol ferskillende froulju tafoege, dy't mei in nekskot delsketten en berôve wiene. Neffens de Völkischer Beobachter hiene de Russen ek alle hûzen yn Nemmersdorf plondere en ferneatige. Ek ornearre de krante dat de evakuaasje fan Nemmersdorf neffens plan útfierd wie en dat de hommelske opmars fan it Reade Leger guon doarpsbewenners dochs noch oer it mad kaam wie. De deis dêrop folge in wiidweidige publikaasje, dy't ek deaden út oare gebieten fan 'e regio meitelde en doe 61 slachtoffers telde. Oer de betrouberens fan dy sifers is net folle te sizzen. De Völkischer Beobachter brocht alle deaden fan 'e regio ûnder de neamer Nemmersdorf om it propaganda-effekt sa grut mooglik te meitsjen. Op Die Deutsche Wochenschau wiene bylden te sjen fan ferskillende froulju mei oplutsen rokken en in folslein ferneatige doarp. De oan it nasjonaalsosjalisme liearre kranten Fritt Folk (Oslo) en Courrier de Genève (Geneve) namen de berjochten fan 'e Völkischer Beobachter ek yn harren publikaasjes op en oertroffen dy noch yn dramatyk.
Tagelyk rjochte Goebbels in ynternasjonale ûndersykskommisje op, dy't ûnder lieding fan 'e Est Hjalmar Mäe stie en foar it meast bestie út leden út besette en oan Dútslân ferbûne lannen. Ien lid foarme in útsûndering en dat wie in Switserske arts. Hja holden op 31 oktober 1944 fraachpetearen mei ferskillende Dútsers. Fral de ferklearrings fan luitenant Saidat en de Volkssturmer Emil Radünz joegen de nazy-parse noch mear grouwélich materiaal om te brûken yn 'e propaganda. Der waard skreaun oer deportaasjes nei Sibearje, de ferkrêfting fan alle froulju fan Nemmersdorf en in deade Switserske man. Goebbels besocht mei it ûndersyk net allinne it Dútske publyk wekker te skodzjen, mar fral ek om bûtenlânske media en lannen foar him te winnen yn 'e striid tsjin 'e Sovjet-Uny.
Mar noch de binnenlânske propaganda, noch de ûndersyksmissy slagge yn 'e opset fan 'e nazy's. Ynstee dêrfan waarden fragen steld wêrom de ynwenners net op 'e tiid út it striidgebiet evakuëarre wiene. De propaganda besocht dy fragen del te bêdzjen mei it ferlech dat de rispinge noch binnen helle wurde moast. Wat letter waard ek ornearre dat it hiele gebiet al evakuëarre wie, mar dat de slachtoffers allegear flechtlingen wiene.
De Stuttgarter Sicherheitsdienst rapportearre dat de ôfbylden fan Nemmersdorf troch de befolking as skamteleas beöardiele en yn ferbân brocht waarden mei de Holocaust, dêr't se fan weromkommende soldaten oer heart hie: "De joaden wiene ommers ek minsken. Dêrmei ha wy de fijân in foarbyld jûn, wat hja yn it gefal fan in oerwinning mei ús dwaan kinne". Oant safier wurke de propaganda kontraproduktyf. Goebbel beskreau yn syn deiboek op 10 novimber 1944 syn aksje as mislearre en oant desimber 1944 die er syn mûle oer it barren net mear iepen. De lieding fan 'e Wehrmacht woe yn jannewaris 1945 noch ferskillende ofsieren fan it Reade Leger oankleie foar kriichsmisdieden, mar de oarlochssitewaasje wie doe foar de Dútsers al sa min, dat soks gjin gefolgen mear hie. Ta in publikaasje fan 'e tekst fan 'e oanklacht kaam it net.
Undersyk
bewurkje seksjeNei de ûntbining fan 'e Sovjet-Uny kamen nije boarnen beskikber en de oerhearskjende opfetting ûnder gelearden waard dat de moardnerij troch Goebbels dramatysker makke en misbrûkt wie om de boargers tsjin it optsjende Russyske leger te mobilisearjen. De Dútske publisist Bernhard Fisch skreau yn syn boek Nemmersdorf, Oktober 1944: Was in Ostpreussen tatsächlich geschah dat der frij omgien waard mei de foto's, dat guon slachtoffers fan oare Eastprusyske doarpen ôfkomstich wiene en dat de beruchte krusigingen op 'e doarren fan 'e skuorre net yn Nemmersdorf plak fûn hie.
Fisch hie sûnt syn jongerein al ynteresse yn Nemmersdorf, mar koe hiel lang hast gjin ûndersyk dwaan om't de DDR-lieding it ûndersyk nei Sovjet-kriichsmisdieden dwersbongele. De Sovjet-Uny sels wiisde alle ferantwurdlikens foar de moardnerij fan 'e hân en ek yn 'e skiednisboeken waard dy as in suvere propaganda-aksje fan it nazy-rezjym ôfskildere. Pas nei de ûntbining fan 'e Sovjet-Uny kamen nije boarnen beskikber en sûnt koe Fisch oant 1994 ûndersyk dwaan en noch libbene tsjûgen sprekke. Dy wjersprutsen lykwols mei klam alle foarstellings út de oarlochstiid en relativearren ek dielen fan 'e publikaasjes fan 'e Völkischer Beobachter. Fisch slagge der tsjin 'e ein fan 'e jierren 1990 yn om it barren yn Nemmersdorf foar in grut part te rekonstruearjen, mar sei ek dat der noch wichtige gatten yn 'e boarnen bliuwe soene, dy 't it net (mear) mooglik makken om it barren folslein nei te gean. It is bygelyks noch altiten net dúdlik wat de motivaasje fan 'e Sovjet-soldaten wie om ynwenners dea te sjitten en hokker motivaasje de Dútsers hiene om hege SS-ers en NSDAP-ers nei it plak fan 'e moardnerij te stjoeren.
Hoe't it doarp der nei de Russyske besetting hinne lei is likemin dúdlik. Neffens de soldaat Harry Thürk út de Hermann Göring-divyzje stelde hy tige ferheard fêst, dat it doarp nei de besjittings fan 'e Wehrmacht der foar it grutste part noch yntakt by lei. Ek Bernhard Fisch, dy't as jonge soldaat it ferlitten doarp op 27 oktober 1944 sels seach, beskreau it westlike diel fan it doarp als folslein yntakt. Wylst dat yn in fragelist fan 1944 fan luitenant Fritz Feller befêstige wurdt, beskriuwe âld-ynwenners fan Nemmersdorf yn 'e lettere desennia it doarp as foar in part oant hielendal ferneatige.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Massaker von Nemmersdorf
|