Majakovskoje (Russysk: Маяковское, Dútsk: Nemmersdorf) is in plak (posjolok) yn it Gûsevski rajon fan 'e Russyske oblast Kaliningrad. It doarp leit súdwestlik fan 'e stêd Gûsev (Gumbinnen) oan 'e igge fan 'e rivier de Agrapa (Angerapp).

Majakovskoje
Маяковское
Nemmersdorf
De Angrapa by Nemmersdorf
De Angrapa by Nemmersdorf
Bestjoer
Lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Kaliningrad
rajon Gûsev
Sifers
Ynwennertal 913 (2010)
Oar
Postkoade 238033
Tiidsône UTC+2
Simmertiid 54° 31′ 15″ N, 22° 4′ 0″ E
Koördinaten 54° 31' N 22° 4' E
Kaart
Majakovskoje (Jeropeesk Ruslân)
Majakovskoje

Majakovskoje hiet oant 1945 offisjeel Nemmersdorf en it wie in Dútsk plak yn Eastprusen. It lei yn ien fan 'e earste Dútske gebieten, dy't it Reade Leger op it Tredde Ryk oermastere. It doarp waard yn hiel Europa bekend fanwegen de kriichsmisdieden dy't it Reade Leger op 21 oktober ûnder ynwenners fan it doarp begien hie.

Nemmersdorf wie eartiids it grutste tsjerkedoarp yn 'e lânkring Gumbinnen en waard foar it earst yn 1515 neamd. De skiednis fan it doarp giet lykwols werom op 'e 13e iuw. Tusken 1874 en 1945 wie it doarp ek it haadplak fan 'e gemeente Nemmersdorf, dêr't ek de plakjes Kaimelswerder (Russysk: Maksimovka), Gut Pennacken (1938–1946 Werfen, Russysk: Orlovka), Waldhaus Nemmersdorf, Gut Schroedershof en Vorwerk Moskau ûnder foelen. Yn 1910 hie Nemmersdorf 484 ynwenners, yn 1933 607 en yn 1939 637.

 
Dútske slachtoffers fan 'e moardnerij fan Nemmersdorf.

Mei in útfal fan it Reade Leger waard Nemmersdorf mei syn strategysk wichtige brêge oer de Angerapp op 21 oktober 1944 troch de Russen beset. De measte ynwenners wiene doe al op 'e flecht nei it westen. De Wehrmacht ferovere op 23 oktober 1944 it doarp werom en trof dêr doe 19 oant 30 deade boargers oan. De moard op dy ynwenners waard bekend as de moardnerij fan Nemmersdorf.

Healwei jannewaris 1945 ferovere it Reade Leger it doarp foar de twadde kear. De Dútske befolking wie doe al net mear oanwêzich en op 'e flecht of dea. Sûnt 1947 krige it doarp de hjoeddeiske namme. It doarp waard wer befolke mei minsken út de Sovjet-Uny.

De Lutherske tsjerke fan Nemmersdorf wie in tsjerke fan fjildstiennen út de 16e iuw. De tsjerke stiet tichteby de rivier en hat in eastlike sakristy. Yn 1769 folge in ferbouwing fan 'e tsjerke.

Ien fan 'e klokken waard yn 1748 getten. Dy klok waard yn 't lêst fan 'e Twadde Wrâldkriich út de tsjerke helle om foar wapens om te ranen. Dy klok waard nei de oarloch lykwols op it klokketsjerkhôf werom fûn en hinget hjoed-de-dei yn 'e Sint-Mauritiustsjerke fan Almstedt by Hildesheim.

De tsjerke fan Nemmersdorf kaam útsein wat skansearrings goed troch de Twadde Wrâldkriich, mar waard nei 1945 as bedriuwsromte brûkt. Yn 'e jierren 1960 folge de ferbouwing ta it doarpshûs en bibleteek. De toer is net mear oanwêzich.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Majakowskoje, ferzje 11 april 2024