Modderriden of modderjen is it oer it lân bringen fan grûn út de sleatten dy't meastentiids ien winter (foar trochfriezen) op de wâl lein hat. It modderriden bart mei in ierdkarre. Dit is in âlde wize fan dongjen, yn swang sûnt de 17e iuw, neidat it al wenst wie om fynmakke seadden út greppels oer it lân te struien of te eidzjen. It modderriden wurdt net (folle) mear dien.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J. H. en oaren, Encyclopedie van Friesland 1953, Aardrijden.