Moraavje-Sileezje
(Trochferwiisd fan Moravysk-Silezyske Regio (regio))
Moraavje-Sileezje is in Tsjechyske bestjoersregio yn it uterste easten fan it lân. De haadstêd is Ostrava.
Moraavje-Sileezje is in goa mei in soad yndustry en wie yn de tiid fan it kommunisme it Stielen Hert fan it lân omreden fan syn oandiel yn de stielyndustry. Yn de mear bercheftige gebieten is it natoerlike karakter fan de regio better bewarre bleaun.
Foarhinne (oant de fal fan it kommunisme) makke dizze regio diel út fan de folle gruttere regio Noard-Moraavje.
De regio telt 302 gemeenten.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Webstee fan de regio (tsj/en)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Moravian-Silesian Region fan Wikimedia Commons. |