In mozaykfilm, of ek wol in ensemblefilm, is in film mei net ien, mar in stikmannich inoar krusende ferhaallinen (lykas de ûnderskate stientsjes yn in mozayk), dy't allegear min ofte mear like wichtich binne. Dêrom wurdt oan elts personaazje likernôch deselde mjitte fan oandacht (d.w.s. byldtiid) bestege. Oare film hawwe faak ek wol mear as ien ferhaalline, mar dêrby is dochs dúdlik ien de haadferhaalline, en fine de oaren, de subplots, yn 'e marzje dêrfan plak. Mozaykfilms hawwe faak in cast dy't bestiet út in grut tal bekende akteurs en aktrises, wylst 'gewoane' films yn 'e regel inkeld bekende akteurs yn twa oant fiif haadrollen hawwe en fierders minder bekende akteurs dy't de byrollen fertolkje. Sa'n út akteurs fan 'e A-list besteande cast wurdt wol in ensemblecast neamd.

In tige goed foarbyld fan in mozaykfilm is de bekende krystkomeedzje Love Actually (2003). Oare foarbylden binne The Longest Day (1962), Casino Royale (1967), A Bridge Too Far (1977), Pulp Fiction (1994), Crash (2004), Sin City (2005) en Valentine's Day (2010).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.