Ms Damn (útspr.: [mɪs dɛ:m], likernôch: "mis dêm"; New Orleans, 11 novimber ±1990) is in Amerikaansk hiphopmodel en dûnseresse. Hja is benammen bekend wurden fanwegen har ûnbidich grouwe stuten. Har (Amerikaanske) maten binne 34DD-28-48.

Ms Damn
model
persoanlike bysûnderheden
echte namme Arianne ?
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 11 novimber ±1990
berteplak New Orleans (Louisiana)
etnisiteit Hondoereesk
Louisiaansk-Kreoalsk
Nigeriaansk
wurkpaad
soarte model hiphopmodel
offisjele webside
ilovemsdamn.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Ms Damn waard omtrint 1990 berne yn New Orleans, yn 'e Amerikaanske steat Louisiana, as de dochter fan in Nigeriaanske heit en in mem dy't fan mingd Hondoereesk en Louisiaansk-Kreoalsk etnysk komôf wie. Har wiere foarnamme is Arianne. Yn har jonkheid krige se al in protte oandacht fanwegen har stuten, en meitiid besleat se dêromhinne in karriêre op te bouwen.

Se keas de skûlnamme 'Ms Damn', om't manlju har faak neistoarren as se op 'e strjitte rûn, en dan Damn! ("Ferdomme!") seine. As hiphopmodel wurke Ms Damn mei oan in grut tal fideoklips en dûnse hja yn nachtklubs yn 'e hiele Feriene Steaten en dêrbûten. Ek ferskynden der pikante (mar net neakene) fotoreportaazjes fan har yn ferskate tydskriften, lykas Straight Stuntin Magazine, Smooth en SHOW.

Ms Damn wennet yn Houston, yn 'e steat Teksas. Hja hat plannen om in boek te skriuwen oer har ûnderfinings as hiphopmodel en teffens wol se in eigen moadebûtyk en fitness-sintrum begjinne.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: