Museum fan Sint-Helena
It Museum Sint-Helena, ek St.-Helena-Museum, en earder St. Helena Museum[1], is in museum op it eilân St. Helena, yn it Britske oerseeske gebiet Sint-Helena, Ascension en Tristan da Cunha. It museum, oer skiednis en kultuer fan it eilân, stiet oan de foet fan de saneamde Jakobsljedder yn de haadstêd Jamestown. It is ien fan de twa museums op it eilân; it oare is Longwood House dêr't Napoleon Bonaparte ûnder syn ferballing wenne.
It museum waard oprjochte yn 1853, mar hie doe net folle om de hakken, topstikken wiene in seeslange en in fleanende hagedis. Yn 1980 waard it museum ûnderbrocht yn Broadway House. De neikommende 20 jier groeide de kolleksje bot en waard in grutter gebou nedich. It museum op it plak fan no waard iepene op 21 maaie 2002 troch gûverneur David Hollamby. It húsmannet yn in âlde elektrisiteitssintrale dy't oant 1984 brûkt waard.[2] De Heritage Society, in projekt fan de St. Helena National Trust beheart it museum.
Keppeling om uens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|