Muzyk

(Trochferwiisd fan Muzikante)

Muzyk yn de brede sin fan it wurd, is in oansprekkend arranzjement fan lûd en stilte. De úteinlike definysje fan muzyk is swier bediskusearre. Wannear't lûd akseptearre wurdt as muzyk, is ôfhinklik fan kultuer en histoarje. Yn it algemien kin steld wurde dat it lûd op syn minst troch ien of mear persoanen bewust organisearre wêze moat. It meitsjen fan muzyk hjit musisearjen.

Basiseleminten

bewurkje seksje

De measte muzyk bestiet út toanen mei in beskate hichte (frekwinsje). Ferskillende toanen efter-in-oar spile, foarmje in meldij, wylst ferskillende toanen dy't tagelyk spile wurde yn akkoarden en harmony of disharmony resultearje. De tempo-gewize organisaasje fan dizze eleminten én stilte is ritme.

It skriuwen fan muzyk

bewurkje seksje

Muzyk kin foar't it útfierd wurdt, skreaun wurde troch in komponist of lieteskriuwer. Yn sokke gefallen sille de muzikant of muzikanten dy't dat stik letter spylje, oer it generaal de ynstruksjes dy't de komponist, meast yn noaten as blêdmuzyk, oanjûn hat, folgje. In oare mooglikheid is dat de útfierders spyljenderwize in eigen slinger oan it stik jouwe (ynterpretaasje/ymprovisaasje).

It útfieren fan muzyk

bewurkje seksje

Muzyk kin ta klinken brocht wurde troch ien muzikant, mar ek troch mear as ien dy't meiinoar in groep foarmje lykas in rockgroep of in orkest. De muzyk dy't makke is of wurdt, kin op ferskate wizen beharke wurde: de meast tradisjonele manier is de muzyk direkt, yn it bywêzen fan de muzikanten (live), te beharkjen. It is mooglik dy live-muzyk út te stjoeren fia radio, telefyzje of oer it ynternet, alhoewol't it belibjen fan de muzyk dan ticht by it belústerjen fan fêstleine muzyk komt. Bytiden kin it ôfspyljen fan earder opnommen muzyk (fan oare artysten) ûnderdiel útmeitsje fan in útfiering. Sels sjonge, fluitsje, in ynstrumint bespylje of in muzykstik komponearje binne ek foarmen fan muzyk meitsjen.

Dôve minsken kinne muzyk belibje troch it fielen fan de fibraasje yn harren lichem. In bekend foarbyld is de komponist Ludwig van Beethoven dy't doe't er al folslein dôf wie, noch ferskate as masterstikken erkende komposysjes makke.

Muzyk en ûnderwiis

bewurkje seksje

Minsken nimme les as se leare wolle om muzyk te meitsjen. Muzikology omfiemet in breed fjild fan histoaryske en wittenskiplike stúdzje oer muzyk, muzykteory en muzykhistoarje ynbegrepen.

Omdat muzyk in oerâlde keunstfoarm is, is der in ekstreem grut tal muzyksjânres ûntstien. De grutste streamings binne klassike muzyk, populêre muzyk (moderne popmuzyk en Hiphop ynbegrepen) en folksmuzyk. Fierder kinne de Jazz en de Blues neamd wurde.