De Nürburgring is in nei de Nürburg neamd sirkwy yn de Eifel en waard op 18 juny 1927 iepene. It oarspronkelike sirkwy bestie út de Nordschleife en de Südschleife tegearre in sa'n 28 Kilometer lang sirkwy en wie yn dizze oerfoarm oant 1982 yn gebrûk. De Nürburgring is de langste permanente sirkwy yn de wrâld.

Nürburgring
Sirkwy
Nürburgring (2009)
Nürburgring (2009)
Lokaasje
lân Dútslân
bûnslân Rynlân-Palts
plak Nürburg
Histoarje
type sirkwy Permanint sirkwy
iepene 18 juny 1927
opdrachtjouwer ADAC & AvD
lingte iepening 28,265 km
bochten iepening 187
ferbouwingen 3
Hjoed de dei
lingte 5,148 km
bochten 15
Kaart
Nürburgring (Rynlân-Palts)
Nürburgring

yn 1984 waard op it plak fan de Südschleife in nij Grutte Priis Sirkwy oanlein. It destiids 4.5 Kilometer lange sirkwy kin lykas de âlde Südschleife as hja wolle oanslúten wurde op it 20,8 Kilometer lange Nordschleife. Beide sirkwy dielen foarmje dan tegearre in 26 Kilometer lang sirkwy.

De Nordschleife wurdt hjoed de dei foaral noch brûkt foar it testen fan nije auto's en foar festivals, lykas it festival Rock am Ring dat hjir fanôf 1985 hâlden wurdt.

De Nürburgring is fanôf 1951 regelmjittich gasthear fan de Grutte Priis Formule 1 fan Dútslân en de Grutte Priis Formule 1 fan Jeropa, mar yn 1997 en 1998 ek twa kear fan de Grutte Priis Formule 1 fan Lúksemboarch hâlden. yn 2020 waard op de Nürburgring de Grutte Priis Formule 1 fan de Eifel feriden.