NPO 2
(Trochferwiisd fan NPO2)
NPO 2 (earder Nederlân 2 en TV 2) is ien fan de trije telefyzjestjoerders fan 'e Nederlânske Publike Omrop. De stjoerder waard oktober 1964 oprjochte en profilearre him ein tachtiger jierren as in stjoerder fan benammen sport, amusemint en wichtige eveneminten. Tsjintwurdich binne dizze ûnderdielen te finen op NPO 1 en rjochtet NPO 2 him op keunst, kultuer, polityk, mienskip en relygje.
NPO 2 | |
---|---|
medium | telefyzje |
nasjonaliteit | Nederlânsk |
taal | Nederlânsk |
oprjochte | 1 oktober 1964 |
haadkertier | Hilfertsom (Nederlân) |
ûntfangstgeb. | Nederlân, Flaanderen, parten fan Dútslân |
eigner | Nederlânske Publike Omrop |
webside | www.npo2.nl |
Yn 2008 hie NPO 2 (doe Nederlân 2) in merkoandiel fan 7,1% en wie dêrmei wat publyk oanbelanget de fyfde stjoerder fan Nederlân. Netkoördinator is sûnt 1 oktober 2012 Gijs van Beuzekom.