Nederlânske Suvel Organisaasje

(Trochferwiisd fan NZO)

De Nederlânske Suvel Organisaasje (Nederlânsk: Nederlandse Zuivel Organisatie, ôfkoarte ta NZO) is in brânsj-organisaasje fan de Nederlânske suvelyndustry. It is in feriening dêr't 13 suvelûndernimmings lid fan binne, wêrûnder de grutste suvelkoöperaasje FrieslandCampina. Dy leden binne goed foar it ferwurkjen fan 98% fan de gânse Nederlânske molkeproduksje, dy't yn Nederlân in grut ferskaat oan suvel ferwurkje ta ûnder oaren: suveldranken, poppe- en berne-iten, tsiis en neigerjochten oant yngrediïnten foar de fiedingsmiddelsyndustry en de farmaseutyske sektor.

Nederlânske Suvel Organisaasje
Nederlandse Zuivel Organisatie
(NZO)
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. brânsj-organisaasje
wurkmêd suvelyndustry
haadkertier De Haach (Súd-Hollân)
tal leden 13
offisjele webside
www.nzo.nl

In doel fan de NZO is de posysje fan har leden fersterkje by de produksje en it ôfsetten fan suvelprodukten. De aktiviteiten fan de NZO kinne ûnderferparte wurde yn fjouwer tema's: duorsum, fieding, kwaliteit en merke. Ek in doel is de suvelyndustry sichtber yn De Haach en Brussel meitsje te litten.

Ek hâdt de NZO himsels dwaande mei de promoasje fan de suvel en suvelsektor. De ferneamdste foarbylden dêrfan binne Frau Antje en it keurmerk "Beskerme Geografyske Oantsjutting" (Beschermde Geografische Aanduiding) foar Gouda Holland en Edam Holland Kaas.

Fierder hâldt de NZO himsels dwaande mei fiedselkunde yn it basis- en fuortset ûnderwiis oer de rôl fan suvel yn it itenspatroan.

Yn 2003 is it Nederlânsk Suvelburo opgien yn it NZO.

Keppeling om utens

bewurkje seksje