Nadia Kroon
Maria Nadia Kroon O.P. (IJmuiden, 1989) is een Nederlânsk skriuwster en teologe.
Nadia Kroon | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Nadia Kroon | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1989 | |
berteplak | IJmuiden | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Religy | |
útjouwer | Jongbloed Media | |
jierren aktyf | 2020 - No |
Wurkpaad
bewurkje seksjeKroon is berne yn in grifformeard-frijmakke húshâlding[1]. Se gie geregeld mei har famylje nei tsjerke en krige dêr kategse en bibelstúdzje en dêrtroch krige se in soad belangstelling foar it leauwen. Se studearre misjonêre teology oan de Kristlike Hegeskoalle yn Ede en de Frije Universiteit yn Amsterdam. Wilens har stúdzje wurke se by it diakonale ynrinhûs yn Soest.
Doe't se 28 jier wie trede se yn by de Dominikanen[2]. Nei't se earder al ris novise west hie by in Augustinen kleaster[3]. Yn 2022 lei se har tydlike profesje ôf. Hoewol't se yntrêde is by in katolike kleasteroarder yn Nimwegen is sy noch altyd aktyf as tsjerklik wurkster binnen de Protestantske Tsjerke yn Nederlân[4][5].
Bibliografy
bewurkje seksje- Kijken en luisteren naar Jezus, tegearre mei Jos Douma, (2020)
- Non in de bus, (2020)