Nasjonaal Rêdingmuseum Dorus Rijkers

Nasjonaal Rêdingmuseum Dorus Rijkers yn De Helder jout in byld fan de skiednis fan it Nederlânsk rêdingswêzen op see. Dy skiednis giet fral oer dy fan de Keninklike Nederlânske Rêding Maatskippij (KNRM), mar ek fan de Rêdingsbrigade Nederlân (REDNED) en de Maatskippij ta Rêding fan Drinkelingen (MRD).

Nije oanbou fan it museum

It Rêdingmuseum, stichte yn 1982, sit sûnt 2003 op it hiem fan de eardere rykswerf Willemsoarde yn in earder wurkplak foar motorûnderhâld. Dat gebou is nij opmakke en krige in moderne fleugel. It museum hat "Nationaal" yn de namme meidat it him net beheind ta de lokale skiednis, mar it rêdingswêzen oan de hiele kust fan it Swin oant oan de Iems en Sudersee, it lettere Iselmar, omfiemet.

Oarspronklike swart-wytfilms, modellen, skilderijen en echte rêdingsboaten (yn it gebou en bûtendoar) ferhelje fan de skiednis fan it Nederlânske rêdingswêzen. It museum hat ek de farrende histoaryske rêdingsboaten Insulinde (1927), Johan de Witt (1941), Prins Hendrik (1951), Javazee (1967) en Tjerck Hiddes (1975).

Keppeling om utens

bewurkje seksje