Nasjonaal Reaumuseum

It Nasjonaal Reaumuseum is oprjochte yn 1958 en is fêstige op it lânguod Nienoard yn De Like yn Grinslân. Ien fan de grûnlizzers is Freek Bischoff van Heemskerck.

Borg Nienoord, ûnderdiel fan it museum

It museum jout in oersjoch fan de skiednis fan it reizjen mei reauwen yn Nederlân yn de foarbye 300 jier. It hat in grutte kolleksje rau, belsliden, tugen, sealen, ark, skilderijen, printen en klean. It museum seit sels in soarte Arke fan Noach wêze te wollen, dêr't fan elk type reau teminsten ien eksimplaar bewarre wurdt.

Mei syn mear as 300 stiks ridend reau hat dit museum de grutste kolleksje reau yn de wrâld. Jierliks ûntfangt it museum, dat yntinsyf gearwurket mei reaumusea yn Lissabon en Wenen, 15.000 oant 25.000 besikers.

In diel fan it museum sit yn it kastiel fan Nienoard. Hjir binne histoaryske foarwerpen samle dy't te krijen hawwe mei de skiednis fan it bûten.

Yn 2007 kaam it reau fan Kastiel de Haar yn it besit fan it museum.[1]

50-jierrich jubileum

bewurkje seksje

Under de titel "Goud" waard it 50-jierrich bestaan fan it museum fierd.

  • De Crème Calèche fan de keninklike famylje wurdt tentoansteld. De calèche waard yn 1898 troch keninginne Emma oan har dochter prinses Wilhelmina jûn. By har ynhuldiging yn Amsterdam ried Wilhelmina yn dizze calèche. Om 2010 is de calèche mei har fergolle byldegroepen restaurearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Rijtuigen kasteel de Haar naar Nationaal Rijtuigmuseum, Kasteel de Haar, 26 septimber 2007