Natuermuseum Dokkum
Natuermuseum Dokkum wie in museum oan de Lytse Easterstrjitte yn de stêd Dokkum dat in blik joech op de natoer fan Noardeast-Fryslân. De kolleksje bestie út fûgels, blommen, flearmûzen, minypoddestuollen en tal fan ynsekten. It waard oanfold mei ynformaasje oer de natoer en har bewenners. Op de souder stienen opsette bisten, ynsektebakken en in grutte kolleksje swerfstiennen. Yn de grutste oerdekte sjochhutte kin gluorke wurde nei diorama's mei fûgels en sûchdieren dy't yn de omjouwing fan Dokkum foarkomme. Tema's wienen ‘Op it waad’, 'De Lauwersmar', ‘By de terp’ en ‘Yn de bosk’. Neist de wikseleksposysjes waarden ekskurzjes opsetten - mei de IVN - nei natoergebieten yn de omkriten.
Skiednis
bewurkje seksjeIt museum waard oprjochte op 4 april 1953, neidat al yn 1951 trije notabele hearen de feriening ‘Natuer en Gea’ opsetten hienen. It earste ûnderkommen bestiet net mear, mar nei ûnderdak oan it Keereweer (1963-1985) kaam it museum yn de eardere bibleteek en noch eardere Frânske skoalle. De skoalle krige dy namme omt der ek Frânske les jûn waard, wat begjin 20e iuw unyk wie. Op it hjoeddeiske plak waard yn 1995 flink útwreide. Ein 2011 waard bekend dat de gemeente de subsydzje oan it museum stop set. It waard ferpleatst nei it Westereender Boarters- en Bistepark SanjesFertier. De namme waard feroare yn Natuermuseum Bruinenberg, neamd nei de man dy't it museum sechtich jier ferlyn begûn.