Nedergerjocht
In Nedergerjocht wie sûnt de Saksentiid de namme foar it gerjocht yn stêd en gritenij dêr't de ienfâldige saken behannele waarden. Fierders wie der it yn 1499 oprjochte Hofgerjocht foar it heger berop. It Nedergerjocht fûnise yn sivile saken yn earste oanlis, mei berop op it Hof; yn strafsaken behannele it allinnich lytse fergripen. De Frânske tiid skeakele Fryslân ek yn dit opsicht út.
Nedergerjochten behannelje bg. ferkeapen fan net-replik guod, al of gjin hypotekêre lienings, de soarch foar weesbern en it behear fan harren guod. By Tresoar binne oer de perioade ein 16e iuw-1811 mei yndeksen publisearre yn 120 bannen en op mikrofyskes.
Boarne
bewurkje seksje- Encyclopdie van Friesland - 1958