NPO 3

(Trochferwiisd fan Nederlân 3)

NPO 3 (oant 19 augustus 2014 Nederlân 3) is ien fan 'e trije telefyzjestjoerders fan de Nederlânske Publike Omrop. De offisjele start fan de stjoerder wie 4 april 1988.

NPO 3
medium telefyzje
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Nederlânsk
oprjochte 4 april 1988
haadkertier Hilfertsom (Nederlân)
ûntfangstgeb. Nederlân, Flaanderen,
parten fan Dútslân
eigner Nederlânske Publike Omrop
webside Webside NPO 3

De earste eksperimintele útstjoerings begongen 13 febrewaris 1988 om 19:12 oere en wienen yn in part fan Nederlân te ûntfangen. De NOS stjoerde doe twa wiken lang streekrjocht fan de Olympyske Winterspullen yn Calgary ôf út.