Nederlânsk-herfoarme tsjerke (Sint-Petersburch)
De Nederlânsk-herfoarme tsjerke (Russysk: Голландская церковь; Gollandskaja tserkov - Nederlânske tsjerke) is in earder tsjerkegebou oan 'e Nevski Prospekt yn Sint-Petersburch yn Ruslân. It gebou waard yn 'e jierren 1834-1839 yn 'e styl fan it klassisisme troch de Frânske arsjitekt Paul Jacot boud. De tsjerke is op 'e earste ferdjipping.
Nederlânsk-herfoarme tsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Sint-Petersburch | |
adres | Nevski Prosp. 20 | |
koördinaten | 59° 56' N 30° 19' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Paul Jacot | |
boujier | 1834-1839 | |
boustyl | klassisisme | |
monumintale status | Monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 781610424120006 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeBy it ûnstean fan Sint-Peterburch spilen West-Europeeske migranten in grutte rol. Ynearsten dielden de Nederlânske migranten mei dy fan oare lannen in tsjerkje op it hiem fan 'e fice-admiraal Cornelis Cruys. De lytse, groeiende Nederlânske mienskip kocht letter yn 'e 18e iuw in stik grûn oan 'e Nevski Prospekt en sette dêr in eigen tsjerke del. Yn 1831 waard op it plak tusken 35 lange gebouwen mei hannelshûzen, kantoaren en apparteminten in hiele nije tsjerke boud.
De gevel fan 'e tsjerke krige in Korintysk portaal en in reliëftimpaan en in fries mei de Latynske tekst Deo et Servatori Sacrum fersierd.
De koepel op 'e tsjerke wurdt droegen troch acht Korintyske pylders en waard eartiids bekroand mei in heech krús. De earste tsjinst waard op 14 jannewaris 1834 troch kroanprins Willem bywenne, de lettere kening Willem II, dy't mei de Russyske prinsesse Anna Paulowna troud wie, en syn soan, de lettere Willem III en leden fan oare protestantske mienskippen. Yn 'e rin fan 'e tiid naam it Nederlânske oandiel fan 'e gemeente ôf en krige it Dútsk as fiertaal de oerhân. Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw prate noch mar in tredde diel fan 'e gemeente Nederlânsk.
Sovjet-tiid
bewurkje seksjeNei de Russyske revolúsje yn 1917 ferlieten de measte Nederlanners it lân. De tsjerke waard yn 1927 sletten en it ynterieur waard leechhelle. It Walcker-oargel ferdwûn nei in konsertseal en it gebou die dêrnei tsjinst as poppeteäter. Sûnt 1936 is it sintrale diel fan 'e eardere tsjerke in bibleteek, mar út en troch wurde der wer tsjerketsjinsten fierd.
De Stifting Freonen fan Sint-Petersburch krewearre foar wer in oargel yn 'e tsjerke. It hjoeddeiske oargel fan 'e tsjerke komt út de sletten Herfoarme tsjerke fan Bakkefean en waard yn 2020 yn 'e Nederlânsk-herfoarme tsjerke fan Sint-Petersburch opboud.[1]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Дом голландской реформатской церкви
|