Nederlânsk Kanker Ynstitút
It Nederlânsk Kanker Ynstitút, NKI, te Amsterdam is in ûndersyksynstitút dat yn 1913 oprjochte waard troch ûnder oaren de sjirurch Jacob Rotgans.
It NKI foarmet mei it Antoni van Leeuwenhoeksikehûs ien organisaasje. Yndertiid waard dy organisaasje it NKI-AVL neamd. Yn 2013 is de namme wizige yn Antoni van Leeuwenhoek, dat sadwaande in wittenskiplik ûndersyksynstitút en in spesjalisearre klinyk, rjochte op it bestriden fan de sykte kanker, omfiemet.
Sûnt 1973 is it Antoni van Leeuwenhoek yn Amsterdam Nij-West njonken it Slotervaartsikehûs festige.
Sintraal steane nije metoaden fan diagnostyk en behanneling. De primêre klusters fan het Antoni van Leeuwenhoek binne: Research, Hielkundich Onkologyske Disiplines, Medysk Onkologyske Disiplines, Radioterapy en Diagnostysk Onkologyske Disiplines.
Yn de iere njoggentiger jierren hat it NKI opwurkjend mei de medyske fakulteit fan de Frije Universiteit Amsterdam de Undersykskoalle Onkology Amsterdam (OOA) oprjochte foar postdoktoraal ûnderwiis en ûndersyk. Dy ûndersyksskoalle waard yn 1993 foar it earst akkreditearre troch de KNAW.