Nederlânske Toeriste Kampear Klup

De Nederlânske Toeriste Kampear Klup (Nederlandse Toeristen Kampeer Club) of NTKC is de âldste Nederlânske kampearklup; hy waard oprjochte yn 1912 op inisjatyf fan Carl Denig. De doelstelling fan de klup is it befoarderjen fan it toeristysk kampearjen.

In tinte op in kampearterrein fan de NTKC

Kampearjen bewurkje seksje

Under toeristysk kampearjen wurdt ferstien it kampearjen mei in beheinde, lichtgewicht útris. De klup hat dêrfoar 20 kampearterreinen yn Nederlân ta foldwaan. De terreinen wurde skaaimerke troch in natuerlik oansjen en ienfâldige foarsjennings. De toiletgebouwen hiene oant yn de jierren njoggentich allinnich ma kâlde dûsen, mar ûnderwilens hawwe in protte terreinen waarme dûsen. In protte terreinen hawwe ek de mooglikheid om kampfjurren te meitsjen.

De klup hat regels foar hâlden en dragen en it gebrûk fan materialen dy't fêstlein binne yn in klupkoade. Optearweinen en campers binne net tastien en it gebrûkt fan (allinne lytse) caravans is in foarrjocht fan âldere leden. Nije leden kinne har oanslute as se tentkampeerders binne en de klupkoade ûnderskriuwe. De klup hat gjin beropsmeiwurkers en hast alle wurk, lykas terreinûnderhâld en bestjoerswurk, wurde frijwillich troch de leden dien. Ek it himmeljen fan de saniêire romten bard op frijwillige basis troch de op in stuit oanwêzige kampearders.

Terreinen bewurkje seksje

De NTKC hat terreinen yn of ûnder:

Dêrneist meie leden fan de NTKC trije labelterreinen fan Scouting Nederland brûke.

Externe link bewurkje seksje

Webside fan de NTKC