Negev
De Negev (of Negeb; Hebriuwsk:נֶּגֶב; Arabysk:النقب al-Naqab) is in woastyn en healwoastyn yn it suden fan Israel. De Arabieren en de lânseigen Bedûïnebefolking, tsjutte de woastyn oan mei al-Naqab. De oarsprong fan it wurd Neghebh (of yn it modern Hebriuwsk Negev) komt fan it Hebriuwske wurd foar 'drûch', 'skrok'. Yn de bibel wurdt Neghebh ek brûkt foar de wynrjochting 'súd' en 'Suderlân'.
De Negev rint fan Beersjeba yn iy noarden oant Eilat yn it fierste suden, en omfiemet mear as 60% fan it grûngebiet fan Israel. Noardeastlik fan de Negev leit de Deade See, yn it noardwesten de Gazastreek.
De Negev kin beskôge wurde as in lyts part fan de enoarme woastynstreek dy't fan de Atlantyske Oseaan oant de Yndyske Oseaan rint; ûnder oaren de Sahara, de Sinaïwoastyn en de Grutte Arabyske Woastyn op it Arabysk Skiereilân haerre dêr ta.
Beersjeba wurdt sjoen as de haadstêd fan de Negev. Om 1900 hinne makken de Turken in soarte fan regionaal sintrum foar de Negev fan dizze stêd.
De Negev wurdt al tûzenen jierren troch nomadyske Bedûinen bewenne, faaks wol 7000 jierren.
Stêden yn de Negev
bewurkje seksjeBergen yn de Negev
bewurkje seksje- Har Ardon
- Har Argaman
- Har Gizron
- Har Hatira
- Har Hogen
- Har Karkom
- Har Loz
- Har Rahama
- Har Ramon (Heechste berch)
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Negev wordt ook wel Zuiderland genoemd. Bijbelse Plaatsen.nl
- Berseba wie in knooppunt fan karavaanwegen yn de Negev. Bijbelse Plaatsen.nl
- Een kerk onder het woestijnzand. Artikel yn it Reformatorisch Dagblad fan 8 maaie 2008 oer it opdollen fan in kristlike tsjerke yn de Negev