It nekfel is in los, ûngefoelich stik hûd yn 'e nekke by beskate soarten sûchdieren, lykas hûneftigen, kateftigen, martereftigen en bearen. Memmebisten drage de jongen troch se mei de tosken yn it nekfel fêst te pakken. Dat gedrach is fral bekend fan húskatten, dy't op dy manear gauris jongkatsjes ferhúzje fan it iene plak nei it oare. Troch se by it nekfel op te pakken, wurde de bistkes tydlik ymmobilisearre en hingje se del sûnder tsjin te akseljen. By kateftigen grypt it mantsje it wyfke by de pearing ek fêst by it nekfel, wat helpt om har te kalm en te plak te hâlden.

In kat draacht syn jong oan it nekfel by de trep op.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.