Nekrology

(Trochferwiisd fan Nekrolooch)

In nekrology, fan it Grykske νεκρος, nekros ("lyk") en -λογία, -logia ("ferhanneling" of "betooch"), is in koarte biografy fan in persoan dy't (meastal koartby) ferstoarn is. Sokke libbensbeskriuwings wurde gauris pleatst yn kranten of tydskriften. De skriuwer fan in nekrology wurdt in nekrolooch neamd, mar sa'nent is almeast sjoernalist fan berop.

It skriuwen fan in nekrology is tiid en oandacht foar nedich, benammen as it giet om in ferneamd persoan. De fernijde omstannichheden moatte wier bard en korrekt werjûn wêze, en kinne dêrom net op los praat basearre wurde. Om't stjergefallen faak ûnferwachts komme, en der dan net in soad tiid beskikber is om djipdollend ûndersyk nei de persoan yn kwestje te dwaan (de nekrology moat ommers by foarkar al de oare deis yn 'e krante ferskine), fersinne nekrologen har soms.

Sa ferskynden fan 'e Amerikaanske skriuwer Mark Twain en fan 'e Sweedske ûndernimmer Alfred Nobel nekrologyen wylst se noch libben en wol wiene. Twain fûn it wol in goede grap, en die de legindarysk wurde útspraak: "The report of my death was greatly exaggerated." ("It ferslach fan myn ferstjerren wie sterk oerdreaun.") Nobel lies yn 'e krante hoe't der oer him as útfiner fan it dynamyt oardiele waard, en besleat syn reputaasje te ferbetterjen troch de Nobelprizen yn te stellen.

Om sokke fersinnen foar te kommen, is it gebrûklik dat nekrologyen al skreaun wurde as de persoan yn kwestje noch libbet (mar al wol op jierren rekket). Se lizze dan soms jierrenlang 'op 'e planke' foar't se ôfprinte wurde kinne. As har yn 'e tuskentiid nije wichtige feiten foardogge, moat de tekst oanpast wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.