De Nelore of Nellore is in fleiskoweras dat ôfstammet fan de Ongole (Sebû as Bos indicus) út Yndia, dy't yn de 19e iuw ynfierd waard yn Brazylje. It ras is neamd nei it distrikt Nellore yn Andra Pradesj. De Nelore hat in opfallend grutte bulte op skouders en nekke. Sy steane heech op de poaten sadat sy maklik troch wetter rinne kinne by it foerazjearjen. De Nelore kin him oan alle klimaten oanpasse, útsein de meast kâlde. Sy kinne in soad waarmte ferneare en hawwe in natuerlike wjerstân tsjin in protte parasiten en syktes. Brazylje is de grutste fokker fan de Nelore. Der is in natuerlike line fan it ras dat gjin hoarnen krijt.

Nelorebolle, Avaré, Brazylje
Nelore yn Bahia, Brazylje.

Skiednis bewurkje seksje

It earste pear Ongolekij kaam yn 1868 yn Brazylje oan. Yn 1878 kamen der noch twa út de bistetún fan Hamburg wei. It koarste lyn waarden hûndert bisten út Yndia ymportearre yn de jierren 60 (20e iuw). It Nelorestamboek waard oprjochte yn 1875.

Yn de earste tsientallen jierren fan de 20e iuw wie de Yndo-Brazyljaan it favorite sebûras yn Brazylje. Fan de jierren 1960 ôf waard de Nelore it foarneamste fleiskoweras dêre, omdat sy hurd binne, goed oer hjitte kinne, mei lege kwaliteit fiedsel ta kinne, de fokkerij maklik giet en minsklik yngripen foar it oerlibjen fan de keallen suver nea nedich is. Op it heden binne goed 80% fan de fleiskij yn Brazylje (sa'n 100.000.000 bisten) as folbloed- as Nelorehybride[1]. Nelorebollen binne nei in protte oare lannen eksportearre yn de lêste desinniums, sa as nei de Feriene Steaten en Fenezuela.

Meast wichtige foklinen yn Brazylje bewurkje seksje

Fierwei it grutste part fan de Nelores dy't hjoededei fokt wurde, skaaie út fan de linen dy't ynfierd binne yn Brazylje yn de jierren 50 en 60. Dy foklinen binne: Karvardy, Taj Mahal, Golias, Godhavary, Rastan, Akasamu en Padhu.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oklahoma State University breed profile