Sebû's (Bos primigenius indicus of Bos indicus), ek bekend as bultko, indicus cattle, Cebu as Brahmin is in domestisearre koweras dat oarspronklik út Súd-Aazje stammet, fral fan it Yndiaaske subkontinint. Wichtige skaaimerken fan sebû's binne de grutte fetbult op de skouder, de hingjende earen en de grutte hingjende hûdflap ûnder de hals en boarst. Sy binne goed oanpast oan hege temperatueren en wurde in soad yn tropyske lannen hâlden, sawol as folbloed sebû en as hybride mei oare domestisearre kij. Sebû's wurde brûkt as lûkdier (oksen), as melkko, as fleisko en ek om har hûden en dong, dat as branje en foar bedongjen brûkt wurdt.

Sebûbolle
Boer mei Sebû's yn Tamil Nadu, 1993

De wittenskiplike namme fan de sebû wie oarspronklik Bos indicus, mar sy wurde no meast klassifisearre ûnder de soarte Bos primigenius, mei de domestisearre ko (Bos primigenius taurus) en de foarâlder fan harren, de útstoarne Oerokse (Bos primigenius). Europeeske kobisten stamje ôf fan de Europeesk-Aziatyske ûndersoarten fan de oerokse en sebû's fan de Yndyske ûndersoarten fan de oerokse.

Der wurdt ûndersteld dat de Sebûs útskaaie fan de Aziatyske oerokse, of der sels in ûndersoarte fan binne, de Bos primigenius namadicus[1] It soe ek wêze kinne dat in oare wylde ko, de gaur (Bos gaurus) harres ta de ûntjouwing fan it ras dien hat. De wylde aziatyske oerokse is útstoarn yn de tiid fan de Yndusdelling beskaving. Doe is er ferdwûn út syn libbensgebiet yn it steamgebiet fan de Indus en oare dielen fan it Yndiaaske subkontinint, faaks as gefolch fan krusings mei de sebû en troch isolaasje fan ferspraat libjende keppels, dy't hieltyd mear fan har oarspronklike habitat ferlearen.[2]

Der binne sa'n 75 sebûrassen dêr't wy fan witte, ferdield oer Afrika en Súd-Aazjen. De foarnaamste sebûrassen yn de wrâld binne de Gir, Kankrej en Guzerat, Yndo-Brazyljaan, Brahman, Nelore, Ongole, Sahiwal, Red Sindhi, Butana en Kenana, Boran, Baggara, Tharparkar, Kangeyam, Sineesk Súdlik Giel, it Filippyske koweras, Kedah - Kelantan en de saneamde Local Indian Dairy (LID). Oare sebûrassen komme allinne pleatslik foar, sa as de Hariana fan Haryana en eastlik Punjab[3] en it Rath fan Alwar-distrikt yn east Rajasthan.[4]

De Sangarassen binne hybriden fan de sebu mei it lânseigen fee, sûnder bult, fan Afrika; dêr hearre de Afrikaners, Red Fulani, Ankole-Watusy en noch folle mear rassen yn sintraal- en súd-Afrika ûnder. Sangakij kinne ûnderskieden wurde fan de folbloed Sebû troch de lytsere bult dy't ek foarliker op de bealch sitte.

Fersprieding en hybriden

bewurkje seksje
 
Sebû foar de wein Mumbai, Yndia

Iuwenlang waarden sebûs ymportearre yn Afrika, dêr't sy krúse waarden mei de kij dêre. It fee oan de east-Afrikaanske kust hat hegere konsintraasjes sebû-genen, benammen op it eilân Madagaskar, as dat yn oare parten fan it kontinint, soks hâldt yn dat it fee mei skippen ferfierd waard. Meidat sebû's foar in part resistint tsjin kowepest binne, waarden sy ek populêr yn Afrikaanske lannen.

Yn de iere 20e iuw waarden Sebû's ynfierd yn Brazylje en dêr krúse mei de Charolais, in Europeesk koweras. Sa ûntstie de Canchim dy't 63% charolais en 37% sebû is en dy't better fleis jout as de sebû en better oer de waarmte kin as de Europeeske kij. It sebûras dat it meast foar de fok fan de Canchim brûkt waard wie de Yndo-Brazyljaan, fierders sit der in bytsje Nelore en Guzerat yn.

 
Sebû-merk yn Madagaskar

In soad rassen binne komplekse mjoksele foarmen fan de sebû mei in grut ferskaat oan oare kowerassen, en guonts soene ek genen fan de yak, gaur of banteng hawwe.

Yn 1999 slagge it ûndersikers oan de Texas A&M Universiteit om in sebû te kloanen.[5]

Han-u is in tradisjoneel Koreaansk ras; it is in hybride fan de Bos primigenius taurus en de sebû.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. van Vuure, Cis, 2005: Retracing the Aurochs: History, Morphology and Ecology of an Extinct Wild Ox; Pensoft Publishers yn Sofia-Moscow, ISBN 9546422355.
  2. Rangarajan, Mahesh, 2001: India's Wildlife History side 4, Delhi, India Permanent Black ISBN 978-8178241401
  3. "Hariana — India: Haryana, eastern Punjab" s. 245 yn Porter, Valerie (1991) Cattle: A Handbook to the Breeds of the World Helm, London, ISBN 0-8160-2640-8
  4. "Rath — India: Alwar and eastern Rajasthan" s. 246 yn Porter, Valerie (1991) Cattle: A Handbook to the Breeds of the World Helm, Londen, ISBN 0-8160-2640-8
  5. Cloning gives second chance for bull, 1999-09-03 BBC News