Bombay

(Trochferwiisd fan Mumbai)

Bombay (Maratysk en offisjeel: मुंबई, Mumbai, IPA: [mumbəi]) is de grutste stêd fan Yndia en de haadstêd fan de dielsteat Maharashtra.

Bombay
मुंबई, Mumbai
Bestjoer
Lân Yndia
Dielsteat Maharashtra
Distrikt Mumbai City, Mumbai Suburban
Sifers
Ynwennertal 12.478.447 (2011)
Oerflak 603,4 km²
Befolkingsticht. 20.680 / km²
Stêdekloft 20.748.395 (2014)
Hichte 14 m
Oar
Stifting 1507
Tiidsône UTC+5:30
Offisjele webside
www.mcgm.gov.in/
De grotten fan Kanheri wienen yn de âldheid boeddistysk sintrum
Dizze side giet oer de stêd yn Yndia. Foar oare betsjuttings, sjoch: Bombay (betsjuttingsside).

De Grykske kartograaf Ptolemaeus fermelde yn de twadde iuw foar Kristus de stêd as Heptanesia, wat Aldgrysksk is foar "in groep fan sân eilannen". De Portugezen neamden it 'Bom Bahia', 'Buon Bahia' of 'Bambain', Portugeesk foar 'Goede Baai'. Yn 1538 neamden se it ek wol Boa-vida, 'it eilân fan it goede libben'. Doe't letter de Britten de kontrole oer Yndia krigen waard de namme feringelske nei Bombay hoewol't Maratysk- en Gûdjaratysk-sprekkers de stêd as Mumbai kenden. Yn 1996 waard de namme offisjeel wizige yn Bombay,[1] konform it stribjen om Yndiaaske stêden om te neamen nei de orizjinele Yndiaaske nammen. Yn de dielsteat Maharashtra wie doe de hindoenasjonalistyske partij Shiv Sena oan it bewâld en dy bewearde dat Bombay neat mear is as in ferbastering fan it orizjinele Bombay. In faak heard tsjinargumint hjirop is dat de stêd stifte waard troch de Britten en de Portugezen en dat sy dus de nammerjochten hawwe.

Nettsjinsteande de nammeferoaring bliuwt Bombay in yn de Nederlânsktalige folksmûle brûkte namme. De media lykje de lêste jierren faker foar Bombay te kiezen alhoewol't de Taaluny it advys jout yn Nederlânsktalige teksten Bombay te brûken.[2]

Oan de hân fan foarwerpen dy't tichtby Kandivali yn noardlik Bombay fûn binne kin opmakke wurde dat de eilannen sûnt de Stientiid bewenne west hawwe. Minsklike bewenning is dukumintearre sûnt 250 f.Kr. doe't it by de Griken bekendstie as Heptanesia. Yn de tredde iuw f.Kr. wienen de ailannen in diel fan it Maurya Ryk, regeard troch de boeddistyske keizer Asoka. Yn de earste pear eiuwen waard de macht oer Bombay betwiste tusken de Yndo-Skityske Westlike Satrapen en de Satavahana's. De hindoe-hearskers fan de Silhara-dynasty bestjoerden de eilannen oant 1343, doe't Gujarat se anneksearren. De grotten fan Elefanta en it timpelkompleks Walkeshwar, ien fan de âldste bouwurken fan de eilannegroep, komme út dizze perioade.

Yn 1543 krigen de Portegezen de eilannen yn ruil foar in bûnsgenoatskip fan sultan Bahadur Shah fan Gujarat en yn 1661 waarden se troch Katarina fan Braganza as breidsskat oan Karel II fan Ingelân jûn. De eilannen waarden doe yn 1668 oan de Britske Eastyndyske Kompanjy ferpachte foar tsien pûn jiers. De kompanjy fûn de djippe natuerlike haven oan de eastkant fan de eilannen goed geskikt foar harren earste haven op it Yndysk subkontinint. De befolking groeide hurd fan 10.000 yn 1661 nei 60.000 in 1675 en yn 1587 ferpleatste de Britske Eastyndyske Kompanjy har haadkertier fan Surat nei Bombay. De stêd sil úteinlik de haadstêd wurde fan it presidintskip Bombay (Bombay Presidency).

Sûnt 1817 waard de stêd werynrjochte en útwreide. Mei help fan grutskalige sivile wurksumheden waard fan de eilannen fan de arsjipel ien grut eilân (Salsette) makke. Dit projekt, dat bekend stie as de Hornby Vellard wie yn 1845 klear en resultearre yn in fergrutte oerflakte fan 438 km². Yn 1853 ried de earste passazjierstrein fan Yndia fan Bombay nei Thane. Yn de Amerikaanske boargeroarloch (1861-1865) waard de stêd de wichtichste katoenmerk fan de wrâld wat foar in sterke groei fan de ekonomy soarge en de stêd in heger oansjen joech. Troch de iepening fan it Suezkanaal yn 1869 waard Bombay ien fan de grutste seehavens oan de Arabyske See. Yn de tritich jier dêrnei groeide de stêd út nei in grut steedlik sintrum, prikkele troch in ferbetering fan de ynfrastruktuer en it ûntstean fan in soad steedlike ynstituten. It ynwennertal fan de stêd groeide nei in miljoen yn 1906, wêrmei't it op dat stuit de op ien nei grutste stêd fan Yndia wie, nei Kalkutta. Bombay waard ek in wichtich bolwurk foar de Yndiaaske ûnôfhinklikheidsbeweging, mei de Quit India Movement fan Mahatma Gandy yn 1942 as wichtichst barren.

Nei de ûnôfhinklikheid fan Yndia yn 1947 waard it de haadstêd fan de steat Bombay (Bombay State). Yn 1950 krige de sTêd syn hjoeddeiske stêdsgrinzen, troch in stêdsútwreiding nei it noarden. Nei 1955 doe't de steat Bombay splitst waard lâns etnolinguïstyske linen yn de steaten Maharastra en Gujarat, wie der in rop om fan de stêd in autonome stêdssteat te meitsjen. In boargerkomitee, besteande út foaroansteande Gujaraty yndustriëlen lobbyde foar in autonome status foar Bombay. De Samyukta Maharashtra-beweging wie hjir lykwols poer op tsjin en easke dat Bombay de haadstêd waard fan de nije steat Maharashtra. Nei demonstraasjes wêryn 105 minsken troch plysjegeweld om it libben kamen, ûntstie op 1 maaie 1960 Maharashtra, mei as haadstêd Bombay.

Hjirnei groeide Bombay út ta de grutste stêd en finansjele haadstêd fan Yndia. Boppedat krige it in liedende rol as technologysk sintrum en waard it it Yndiaaske sintrum fan de entertainment-yndustry (sjoch Bollywood). Yn de jierren njoggentich kaam it ynwennertal boppe de tsien miljoen en ferpleatste de sterk groeiende bouniverheid him nei it fêstelân, haadsaaklik Navi Mumbai, de grutste plande stêd fan de wrâld.

Kommunaal en terroristysk geweld

bewurkje seksje

Yn de jierren sechtich en santich waard Bombay meardere kearen troffen troch kommunaal geweld, wdêr't ûnder oare oanhingers fan de hindoenasjonalistyske partij Shiv Sena by belutsen wiene. Op 17 maaie 1984 brutsen der rellen út tusken moslims en hindoes, wat mear as twahûndert libbens koste.

 
Stêd en distrikten

De stêd leit op it eilân Salsette, oan de Arabyske See. Tegearre mei de stêden is Bombay ien fan de grutste steedlike agglomeraasjes op de wrâld. Neffens de folkstelling yn 2001 hie de agglomeraasje 16.368.084 ynwenners. Neffens in net-offisjele skatting oer 1 jannewaris 2009 hat de agglomeraasje wylst 22.300.000 ynwenners.[3] De grutste foarstêden binne, fan grut nei lyts; Thane, Kalyan-Dombivly, Navi Mumbai (Nij Bombay), Mira-Bayandar en Ulhasnagar.

De stêd hat ek in haven dy't fan grut belang is foar it lân. Ungefear de helte fan it Yndiaaske reizgersferfier giet oer wetter, krektas in grut diel fan de frachtoerslach geane fia de haven fan Bombay.

Bombay is it kulturele en kommersjele hert fan Yndia. Der sitte in protte finansjele ynstellings en in soad Yndiaaske bedriuwen hawwe hjir harren haadkantoar. Troch de hege libbenssstandert wurde ymmigranten út hiel Yndia oanlutsen, de stêd is dêrom ek in grienmank fan ferskillende Yndyske kultueren.

Neist de yndustry is Bombay bekend om syn filmproduksjes. Minsken út de hele wrâld komme hjirhinne om te aktearjen en te wurkjen yn Bollywood.

Ien fan de opfallendste bouwurken fan de stêd is de Gateway of India, boud as oantinken oan in besite fan de Britske kening George V yn 1911. De lêste Britske militêren ferlieten Yndia yn 1948 troch dizze poarte.

De stêd hat in soad sloppewiken. 43% fan de befolking libbet yn sloppewiken en oare ynformele nedersettings. De bekendste is Daravy, mei sa'n 1 miljoen ynwenners, ien fan de grutste sloppewiken fan Aazje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Official Website of Municipal Corporation of Greater Mumbai: Mumbai Travel Guide
  2. Advys fan de Taalunie
  3. Citypolution.de: The Principal Agglomerations of the World - statistics and charts as map, diagram and table (reference date 2009-01-01)