Nervosa (band)
Nervosa is in Brazyljaanske metalband oprjochte yn 2010 yn São Paulo troch gitariste Prika Amaral en drummer Fernanda Terra. De band brocht yn 2014 syn debútalbum Victim of Yourself út. De teksten fan de band gean benammen oer de maatskippij, opstân en apokalyps. Nervosa hat fiif studio-albums útbrocht.
Nervosa | ||
band | ||
Byldmateriaal ûntbrekt | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Brazyljaansk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Metal | |
bestean | 2010 – No | |
label(s) | Napalm Records | |
webside | nervosaofficial.com | |
âld-leden | Fernanda Terra drums (2010-2012) Karen Ramos gitaar (2010-2011) Fernanda Lira bas & sang (2011-2020) Jully Lee drums (2012-2013) Pitchu Ferraz drums (2013-2016) Luana Dametto drums (2017-2020) Mia Wallace bas (2020-2023) Eleni Nota drums (2020-2022) Diva Satanica sang (2020-2022) Nanu Villalba drums (2022) | |
leden | ||
Sang & gitaar | Prika Amaral | |
Gitaar | Helena Kotina | |
Bas | Hel Pyre | |
drums | Michaela Naydenova |
Skiednis
bewurkje seksjeYn de rin fan de jierren hat Nervosa in protte bandleden ferspile. Fernanda Terra ferliet yn 2012 de band krekt nei't se harren in demo mei de namme "2012" útbrocht hiene, sy waard ferfongen troch Jully Lee, dy't op har beurt wer ferfongen waard troch Pitchu Ferraz. Yn dizze besetting waard yn 2014 it debútalbum "Victim of Yourself" útbrocht.
Yn april 2020 ferlieten bassist en sjonger Fernanda Lira en drummer Luana Dametto Nervosa en begûnnen harren eigen band Crypta; Amaral beskreau de splitsing as minlik en allinnich basearre op muzikale mieningsferskillen. Se waarden ferfongen troch sjongeres Diva Satanica fan Bloodhunter, bassiste Mia Wallace earder fan de band fan sjonger Abbath en drummer Eleni Nota. Mei dy nije besetting naam Nervosa as fjouwertal harren fjirde studio-album "Perpetual Chaos" op.[1][2][3]
Ein augustus 2022 waard oankundige dat drummer Eleni Nota de band ferlitten hie fanwegen sûnensproblemen en ferfongen waard troch Nanu Villalba. Minder as fjouwer moanne letter, nei it ôfmeitsjen fan de Súd-Amerikaanske toernee, waard oankundige dat Villalba de band alwer ferlitten hie fanwegen "ferskillen fan ynsjoch". Yn jannewaris 2023 waard oankundige dat Helena Kotina har by de band foege as twadde gitarist. It waard dúdlik dat se har al yn maart 2021 by de band oansletten hie, in pear moannen neidat de band "Perpetual Chaos" útbrocht hie. Der waard ek oankundige dat de band yn septimber 2022 ôfskied naam hie fan sjongeres Diva Satánica.[4] Ein maart 2023 kundige de band wer ferskate personele wikselingen oan: gitariste Prika Amaral sil yn tenei ek de sjongeres fan de band wêze, bassiste Mia Wallace is ferfongen troch Hel Pyre bassiste fan Afterblood en W.E.B., mar Wallace sil sa no en dan live noch wol meispylje.[5] Letter dat jier brocht de band harren fiifde studio-album út.[6]
Diskografy
bewurkje seksjeStudio-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Label | Singles |
---|---|---|---|
Victim of Yourself | 28 febrewaris 2014 | Napalm Records | |
Agony | 3 juny 2016 | ||
Downfall of Mankind | 1 juny 2018 | Never Forget, Never Repeat, Kill the Silence | |
Perpetual Chaos | 22 jannewaris 2021 | ||
Jailbreak | 29 septimber 2023 | Endless Ambition, Seed of Death, Jailbreak, Elements of Sin |