It neutrino is in subatomêr-, elemintêr dieltsje sûnder lading. It hat in spin fan 1/2 dat it is in fermion.

It neutrino is in lepton. De foarneamste wikselwurking (ynteraksje) dy't neutrino's sjen litte is de swakke kearnkrêft: neutrino's binne net gefoelich foar de sterke kearnkrêft of elektromagnetyske ynteraksjes. Lang waard dêrneist miend dat de massa fan it neutrino nul wie, mar eksperimintele resultaten fan bygelyks de Super-Kamiokande detektor hawwe sjen litten dat se grutter as nul is. Sadwaande binne neutrino's ek bleatsteld oan de swiertekrêft.

De measte neutrino's dy't de ierde berikke, komme fan de sinne. De sekonde wurdt elke kante sintimeter fan de romte yn de omkriten fan de ierde, dy't streekrjocht op de rjochting fan de sinnestrielen stiet, passeard troch 65 miljard sinneneutrino's.

Earste waarnimming fan in neutrino yn in bellefet, novimber 1970. It neutrino, (dat net te sjen is) rekket in proton (rjochts op foto) en feroaret yn in muon (de lange tinne streek fan de midden fan de foto ôf nei linksboppe). De koarte, justjes bûgde streek nei boppen is it proton. It tredde bûgde spoar nei linksûnder is fan in pi-meson dat ûntstien is troch de botsing fan it neutrino mei it proton.

Septimber 2011 melden ûndersikers fan it CERN yn Switserlân en de Laboratori Nazionali del Gran Sasso yn Itaalje dat hja, by it CNGS-eksperimint, mooglik waarnomd hawwe dat heech-energetyske muon-neutrino's in fraksje flugger as de ljochtsnelheid reizgje. Yn novimber 2011 hawwe ûndersikers fan CERN opnij mjitten dat dit dieltsje hurder giet as it ljocht. Dy ûntdekking soe de útgongspunten fan de relativiteitsteory fan Albert Einstein ûndermynje. Febrewaris 2012 makke CERN bekend dat by dy eksperiminten in net goed wurkjende ossillator en glêsfezelferbining ta in legere of hegere útkomst fan de reistiid fan de neutrino's laat hawwe kinne. Nije mjittings yn maaie 2012 sille der útslútsel oer jaan moatte.

Trije generaasjes

bewurkje seksje

Yn it Standertmodel kommme trije generaasjes neutrino's foar. De earste generaasje wurdt it neutrino neamd (ek wol elektron-neutrino of e-neutrino), de twadde generatie muon-neutrino en de tredde tau-neutrino. De neutrino's binne ferneamd nei de elektrysk laden leptonen út deselde generaasje: elektron, muon en tau. Der bestiet foar eltse neutrino in anty-neutrino: antimatearje.

Neutrino   Antineutrino  
namme symboal namme symboal massa
Elektron-neutrino   Elektron-antineutrino   <2,5 eV
Muon-neutrino   Muon-antineutrino   <170 keV
Tau-neutrino   Tau-antineutrino   <18 MeV